Grondeljende einen

door

in

Bitgummole/Grou 28 febrewaris 2021

Durk Wynia seach grondeljende einen, makke der in filmke fan en stjoerde dat mei tekst op.

Gewoane wylde einen “grondelje” faaks om fretten te finen. Dit dogge se yn wetter wêr’t se dan krekt by de boaiem kinne. Is it wetter djipper dan komme se der net mear mei fuort.

Ik seach juster in pearke einen dat har oanpast hat oan dat djippere wetter. Dizze einen wiene dûkend oan it iten sykjen! Ik ha wol faker gewoane einen dûken sjoen mar dan ha se de kolder yn de kop, en geane se as wylden troch it wetter.

Dit wie oars en se kwamen geregeld mei wat boppe dat se op ieten. Tûfeinsjes dogge net oars en bin der op boud, mar dit pearke hat it ek al aardich yn it snotsje…

Sa’t Durk al yn syn ferhaaltsje seit grondelje einen om oan fretten te kommen
Fan de webside ensie.nl komt it folgjende sitaat:

“In folksriedsel oer de ein, heard yn ‘e Lege Geaën:
Ik kaem bütendoar en ‘k seach in wûnder
De billen bleat en in kop der ünder.
Rie, rie, hinnefin.
Siz my hoe’t it kin!
Antwurd: In ein dy’t yn it wetter dûkt.”

Op de webside stiet fierder:
‘Uit “de billen bleat” (‘de billen bloot’) blijkt dat een grondelende eend bedoeld wordt. In het antwoord wordt “dülct” gegeven, dus fries dûke zal dan ‘grondelen’ zijn. Maar fries dûke is ook ‘(onder)duiken’, dus het verschil in foerageergedrag tussen Grondeleenden en Duikeenden komt in het friese ww. niet tot uitdrukking.’