In einekoer yn Karintië (Eastenryk)

door

in

Fan Jan en Oatske van der Zwaag út Ryptsjerk krigen we 30 novimber 2015 it folgjende ferhaaltsje:

Wy geane al jierren nei de Weissensee yn Karintië en ride dêr de Alternative Alvestêdetocht. Alle jierren nimme wy wat út Fryslân mei foar ús pensjonhâldster. Sa ek yn 2003 in einekoer, dy’t wy in moai plakje oan ‘e Weissensee jaan soene. Wy fregen oan Ilse wat foar in koer dit wie. Sy wie fernuvere by it besjen fan de einekoer en sei dat it in “Füllhorn”wie.

In Füllhorn – sa die sy ús te witten – wie in koer, dêr’t de kuorkerinners (marskramers) eartiids mei by de doarren lâns giene om harren guod te ferkeapjen.

Nei dit petear brochten wy ús koffers yn it pensjon en soene dêrnei de koer in plakje jaan yn in moaie bjirk oan ‘e mar.

Doe’t wy nei in setsje fan ús keamer kamen en de einekoer opsochten, stie dy fol mei prachtige keunstblommen  op ‘e stoepe fan it pensjon. It wie in pronkje. Wy hawwe it sa mar litten. Groetnis, Jan v.d. Zwaag