In mins is nea te âld om te learen

door

in ,

Wikel, 3 jannewaris 2018.

Twa leden fan de feriening, te witten Jan Falkena en Cees van der Meulen, giene yn de lear by Kees Terpstra yn  Wikel.

Jan en Cees flechtsje graach klaaikuorren. Reid en flaaks binne dan de materialen. Kees flechtet sûnt jierren allinne mei reid wetterlânkuorren. Wetterlânkuorren soene de beide mannen ek wol flechtsje wolle. Kees Terpstra wie ree se dy keunst by te bringen.

Mei in kuorfol geduld lei Kees út hoe’t dat moast. Hy flechte foar en sette de mannen oan it wurk.

Mei wat help hiene se de slach te pakken en nei in oantal oeren koene beide learlingen in wetterlânkoer meinimme nei Grou en Oerterp.