In protte wille

door

in

Bitgum/Aldeboarn, 28 jannewaris 2020

Trije jûnen koerflechtsje, dat wie in hiele aardichheid en bot gesellich. Meastentiids regelt Durk Wynia dat, mar dy sit al moannen op Skylge foar syn wurk. Lokkich hat Jaap Schiphof de honneurs waar naam. Foar in lytse fergoeding is reid en flaaks beskikbaar en it ûnderkommen koe net better. Yn it T-shirt derfoar. 

En de fersoarging is ek hiel goed. Kofje en tee wurdt  fersoarge. Koekje moatte jo sels meinimme.

As blyk fan wurdearring hat Johannes van der Meer in lyts kuorke foar de ‘organisaasje’ beskikbaar stelt mei ynskripsje. Johannes hie it sa drok mei allegear ‘sterke ferhalen’ te fertellen dat as wy him der net op wiisd hiene, syn koer wol in meter heech wurden wie.

Koartsein: in protte wille. Takom jier mar wer, tocht ik.

Cor Snoeij