In trijke yn Wurdum!

door

in

Wurdum, 18 jannewaris 2016.

Fan Jinke en Bertus Kuperus fan Wurdum krije we de lêste jierren steefêst melding fan betide aaien. Ek no wer. Jinke skriuwt:

“Ik hie Bertus al in pear kear frege om ris yn de âld koer te sjen, mar hy wie net rjocht halich, dus it bleau derby! Justerjûn belle in kameraad út Harns en fertelde dat der in brune ein siet te brieden yn in âld koer yn de parrebeam en dat de buorlju  5 wite piken by in âld ein yn de hûnebench hiene! No, doe moasten wy hjoed ek efkes loere! Der driuwt al in pear dagen  in brún eintsje mei de sturt op it wetter, en ja hear, in trijke!”