Kulturele Haadstêd yn Holwert, 12 sneonen en hûnderten minsken

Holwert, 25 augustus/1 septimber 2018.

(Algemiene meidieling: as jo op de foto’s klikke, dan wurde se meastentiids grutter en moaier.)

Nei de wike fan it geweld fan de Reuzen en  de Alvestêdetocht-Reus skittere sneon 25 augustus foar de 11te sneon de Kulturele Haadstêd-stjerre wer op de rûte fan Follow the Blue Line, it flaaks projekt yn de bouhoeke fan ús provinsje.

It wie geweldich dêr yn en om it Swetshok by Els en Gjalt de Groot. We hawwe de minsken net teld mar it siet net fier fan de hûndert ôf!

Famyljes mei beppes en pakes, mei jonge bern, mei dochters en soannen, in ploechje studinten út Amsterdam dy’t alle rikke makreel en poan en ek noch in flink nustje rikke iel meinamen plus in flesse Warkeweet kleuren dizze earst wat suterige dei ta in bûnt, gesellich en sinnich barrren!

Strampelleden Johannes van der Meer (rjochts) en adspirant-lid Yge Walsweer (links) bystien troch Strampelbestjoerslid Cees van der Meulen laten de besikers al pratende troch de wûndere wrâld fan it Swetshok en lieten se grutsk de prachtige flaaksrispinge fan 2018 sjen.

De sfear waard yn de dei brocht troch, ek al wer in Strampellid, Els de Groot, dy’t har ‘personiel’ foarseach fan kofje, sûkerbôle, slokjes mei tsiis en guozzewoarst, potstro mei sjerp en útbret spek, en ta beslút brette hinnepoaten fan Johannes van der Meer. Sneon 1 septimber waard de suksesfolle rûte fan Follow ôfsletten. Hûnderten minsken hawwe derfan genietsje kinnen!

It Bestjoer fan De Strampel tanket Gjalt en Els de Groot foar de foarbyldige wize wêrop’t se yn it geweld fan KH 2018 de sjarme fan it âlde ambacht fan it koerflechtsjen op de Fryske en Nederlânske kaart settten hawwe!