Kursussen yn Frjentsjer en Bitgum

door

in

Bitgummole, 25 jannewaris 2015

Durk Wynia joech op 7 en 14 jannewaris flechtkursussen  yn Frjentsjer en 19 jannewaris yn Bitgum. Tritich  entûsjaste dielnimmers learden de keunst fan it flechtsjen. Under harren ek in oantal dy’t Durk weromkommers neamt, minsken dy’t de smaak sa te pakken hawwe dat se nòch in kursus folgje. ‘t Resultaat is dan dat it nivo mei sprongen omheech giet en der noch moaiere kuorren makke wurde.