Mear kuorren yn de Pikmar

door

in

Grou, 25 maart 2019

Ferline jier is foarsichtich begongen mei it útsetten fan ien einekoer yn de Pikmar by Grou. Yn it ferline stie de mar fol mei kuorren, de lêste tsientallen jierren waard dit net mear dien. Fûgelwacht Grou hat de tradysje wer oppakt. Sjoch ek dit berjocht.

De koer fan ferline jier wie it hiele jier stean bleaun en mei troch de bewenning fersliten. Bewenners fan de Meersweg seagen koartlyn it eintsje foar yn de koer gean mar oan de achterkant der like hurd wer útfallen. Dat mannen fan de fûgelwacht Grou ha doe de waadpakken oanlutsen, twa nije strampels derby setten, en trije Grouster kreamkeamers pleatst: twa wetterlânkuorren en in klaaikoer.
Bewenners, boatsjeminsken en oare toeristen har der in protte niget oan. Dêrmei is it in moai stikje reklame foar it einekoerflechtsjen.