Merkels en einen

door

in

Grou / Flânsum, 14 maaie 2020

Cees van der Meulen trof by ien fan syn kuorren yn Flânsum in merkelnêst oan op in strampel. Hy stjoerde in foto op en makke der in aardich ferhaaltsje by.

Noch net sa lang lyn waard hjir op dizze webside de fraach nei foaren brocht oft easteinen (krakeenden) ek wol yn kuorren briede.

Op de foto is te sjen dat in merkel plak socht hat op ien fan de strampelstokken.

As it op in striid oangean soe, tink ik dat de merkel it winne soe fan de ein. Merkels binne felle bistkes. Yn it ynstinkt fan de merkel sit blykber ynboud dat der mei snilen en sa sleept wurde moat. En as it even kin, dat it nêst los fan de wâl leit. Ekstra beskerming.

Prachtich fansels! Mar wêrom giet dy merkel net yn dy koer?

(Einen hearre ta de famylje Anas Platyrhynchos – swim- en grondeleinen, merkels hearre ta de famylje fan de wetterhintsjes Fulica atra, it binne dûkeintsjes. Neven en nichten fan besibbe famyljes) CvdM.