Nije en oplape kuorren wachtsje op einen

door

in

Flânsum, 22 maart 2018.

In soad kuorren steane al teplak en de earste meldingen fan aaien binne der ek al. Foar in diel binne de kuorren nij, mar ek in oantal binne al in tal jierren âld.

Soms ferlieze de bannen oan de ein fan de hals it ferbân as de lofters brekke. Dan kin mei in lytse reparaasje in koer noch wol ien of miskien wol twa jier mei. Of in toutsje ynflochten yn de âlde koer makket ‘m wer sterk genôch foar nòch in seizoen.

In plakje op de hage is dan fansels foar in âld koer in prima oplossing.