Nije generaasje flaakslûkers

door

in

Holwert/Grou, 12 augustus 2019

Gjalt de Groot út Holwert is al wer drok dwaande syn foarried flaaks oan te foljen. Hy hat dêr dit jier goede help by fan syn pakesizzers. It giet de fammen goed ôf en sy ha al sein dat se it takom jier pake Gjalt wol wer helpe wolle by it flaasklûken. Prachtich moai fansels, want sa wurdt it flaaks ferbouwen ek oerbrocht op de jongere generaasje.

“Dizze fammen (pake-sizzers) wolle takommend jier ek wol wer by pake yn’t flaaks”

Nei it flaaks lûken komt aansens it rûpeljen. By it rûpeljen bliuwt der in byprodukt oer: lynsied. Oant no ta waard dêr net folle mei dien, mar Gjalt wol it no parse en der lynoalje fan meitsje. Hy siket dêrfoar nei in parse en docht in oprop fia ‘Fraach en Oanbod’