Nijste bestimming einekoer is hotel!

door

in

DSC03624Dokkum / Grou, 7 septimber 2016.

De ûntwikkelingen yn de wrâld steane nea stil! Sa is it ek yn De Strampel! Altyd wer  betinke minsken nije dingen en dat makket dat de wrâld noch altyd riker wurdt oan fariaasje.

Sels yn it lytse en sa beskieden Peasens, dat flakby it wrâldferneamde Moddergat leit.

Bouwe en Hindrik Kooistra fan Dokkum sieten op sneon 13 augustus te flechtsjen op de gesellige simmermerk yn Peasens. Der wiene wol 30 kreamkes mei klean en snypsnaren. Jo koene ek de fiskershúskes besjen. In protte folk kaam derop ôf. De kuorrehannel rûn goed. De lêste koer fan de mannen krige wol in hiel bysûndere keaper. De frou yn kwestje woe der gjin einen yn ha, mar se kocht de koer as takomstich ynsektehotel.

De Kooistra’s hiene gjin beswier: ‘Hannel is hannel’, tochten de mannen.

SONY DSC SONY DSC