Noch mear soarten einekuorren

door

in

Ryptsjerk/Grou, 6 juny 2019

Minsken binne kreatyf en witte de einen te lokjen mei de moaiste kreaasjes fan húsfêsting foar it soargjen fan it neiteam . Der ha al gâns nijsberjochten west mei foto’s fan oare soarten fan modellen en/of kleuren fan einekuorren.

Ein maaie wienen Jan en Oatske van der Zwaag yn de omkriten fan Heech en de Gaastmar. Jan sklriuwt: “Hjirby in pear foto’s fan in foar ús frjemde einekoer. Wy fytsten by it Skriezegebiet Idzegea en kamen dizze kuorren tsjin.

Bonne Bruinsma seach by De Tynje in koer fan rogge mei lofters fan rotan. It ferskil tusken rogge en reid is dat rogge folle lichter yn gewicht is. Rogge wurdt ek wol brûkt foar it flechtsjen fan bijekuorren.