Oanfretten kastanjes yn in koer

door

in

Ryptsjerk 4 maart 2019

In frjemd gefal yn in einekoer by Jan van der Zwaag yn Ryptsjerk.

Jan skriuwt:

Op 24 febr. hie ik twa aaien yn in koer. Hjoed kontrolearre ik in oare koer by my thús. Wat die bliken, der sieten in protte útfretten kastanjes yn de koer. Hokfoar bist kin dat no wêze. De koer stiet midden yn de fiver. Miskien hat ien dit ek wolris meimakke. Ik fyn it wol nijsgjirrich.

Oan de foto te sjen soe dit it wurk wêze kinne fan in rôt; yn de rånen binne dúdlik de ôfdrukken fan de tosken te sjen (efkes op foto klikke).

As der immen is dy’t hjir mear oer fertelle kin, dan hearre wy dat graach fia bestjoer@de-strampel.frl