Oantal einen nochal wat lytser wurden

door

in

Grou, 10 maart 2016.

Ûndersteand berjocht jout alarmearjende sifers oer it ôfnimmen fan de wylde-eine populaasje yn Nederlân.

Wat krekt de oarsaak is fan it efterút rinnen is noch net te sizzen.Der komt in grut ûndersyk nei de oarsaken fan de delgong.

It efterút rinnen fan de einestân is foar ús in reden te mear om  fierder te gean mei it fersterkjen fan ús feriening, dy’t noch altyd groeit en no al 83 leden telt. De oanwaaks fan it oantal flechters troch de kursussen dy’t De Strampel oanbiedt is boppe ferwachting. Yn 3 jier tiid learden 755 minsken de keunst fan it flechtsjen. Kuorren binne in ideaal plakje foar de einen om feilich te brieden.

As jo it flechtsjen ek leare wolle, kinne jo  it bêste op dizze webside ûnder it kopke ‘kontakt’ sjen, hoe’t jo je opjaan kinne. Jo kinne no alfêst in plakje reservearje foar de kommende hjerst. Belje of mail mar even.