Opjaan reidskarren Alde Feanen

door

in

Grou, 22 febrewaris 2014.

Dit jier foar de earste kear wurde leden fan De Strampel yn de gelegenheid steld om reid te skarren yn de Alde Feanen. Mei it distrikshaad Midden is de folgjende ôfspraak makke:

Freed  4 july fan 8 oant 12 oere kinne 5 Strampelleden reid skarre oan it Izakswiid. In meiwurker fan it Gea fart dan mei ús groepke nei de Sytze Maaikefeart, dêr’t we oan lân geane. It giet om it skarren yn de reidkraach oan it Izakswiid, it is in stripe dêr’t it Gea it kantreid der masjinaal net of hast net ôfkrije kin. We skarre dus sels mei de hân.

Hoe’t it ús foldwaan sil is net te sizzen. Mar it kin in hiel aardich barren wêze, wêrby’t it natuerbelibjen op syn minst sa wichtich is as it skarren. Oer de kwaliteit fan it AF-reid heart men faak hiel positive lûden. We moatte it mar in kear besjen. As it fan beide kanten goed befalt dan kin der yn 2016 op ‘ e nij besjoen wurde hoe’t ien en oar ferrinne kin. It is in eksperimint. Opjaan kin by de skriuwer: ceesvandermeulen@hetnet.nl , dy’t sels mei de 5 oaren hopet mei te gean.

[ opjûn 22 febr: Cees; 28 febr: Lolke; 1 maart: Gjalt;    11 maart : Wierd Miedema     …? …     … ? ….]