Farsk reid yn oanbieding

Broek/Grou, 6 augustus 2020

Yn Broek lizze by Gerben van der Meer sa’n 100 bosken/bundels prachtich reid te wachtsjen op in leafhawwer.

Kosten: € 2,50/bundel.

(06) 17 40 50 88

Klik op foto foar grutter resultaat.

Stikelbaarch

Grou, 15 july 2020

Wy ha al fan alles foarby kommen sjoen wat yn in einekoer oantroffen is. Dêr kin no ek in stikelbaarch oan taheakke wurde.

In âlde (te lytse) koer hie ‘k achter yn de border dellein om ûnder de hage te kompostearen. Earder hie alris ien fan myn krielhintsjes har aaien yn dy koer lein. Fannemoarn soe ik de hage snoeie en doe lei de âld koer wat yn ’t paad. Ik pakte de koer op en soe him earne oars tydlik in plakje jaan. It foel op de de koer aardich swier wie, dat ik seach yn de koer en ta myn ferbjustering seach dat der wat yn de koer siet: in stikelbaarch hie in plakje fûn yn de koer.

Ik ha de koer mar gau wer te plak lein en de stikelbaarch mei rêst litten.

Sa sjogge wy mar wer dat in einekoer mear is as in nêstplak foar einen…

De stikelbaarch yn de koer

Bonne Bruinsma

Predaasje

Bitgummole/Grou , 27 juny 2020

Om derefter te kommen wa’t of wat de einaaien út de nêsten hellet, hat Durk Wijnia mei in wyldkamera ûndersyk dien.
Hy skriuwt:

Ik ha geregeld de wyldkamera oan hân om te sjen troch wa of wat de aaien opfretten wurde!
As de aaien kapot yn it nêst lizze, binne it faaks rotten; dy kinne de aaien net meislepe. Mar as de aaien fuort binne is it in gruttere rôver!
Hjir in pear filmkes fan in nêst einaaien dy’t troch in rôt en in murd besocht binne.

Miskien noch wol nijsgjirrich om te melden: siet alle kearen 7 minuten tusken de kearen dat der in aai ophelle. it earste aai wat der pakte rûgele yn de feart mar dy fiske de mûrd der wer út troch foar de helte ûnder wetter te dûken. En dêrnei kwam de stienmûrd noch foarby!

It flaaks groeit goed

Mantgum/Grou 16 juny 2020

Net allinne yn Grou wurdt lytsskalich troch in flechter flaaks boud, mar ek yn Mantgum stiet flaaks. 

Popke van der Zee, einekoerflechter én folkstúnder, hat op in strypke neist de borgers flaaks ynsiede.

It gewaaks tiert dêr hiel goed en de earste blauwe blomkes litte har as de sinne skynt al sjen.

Dat lêste is ek op oare plakken it gefal. Jûns binne de blomkes wer fuort, de oare deis binne der wer nije blomkes. Dit giet sa troch oant it flaaks ryp is foar de rispinge.

Flaaks kin dus hast oeral ferboud wurde, sels as in tydlik hage

Frjemde fûgels

Bûtenpost/Dokkum, 13 juny 2020

Dat einekuorren net allinnich oantreklik binne foar einen docht bliken yn Bûtenpost. Hendrik Kooistra docht ferslach fan in pear opfallende briedgefallen yn in einekoer, mar ek yn oare dingen.

Goeie middei ,
By in kollega yn Bûtenpost sitte frjemde fûgels yn de tún, se nestelje op de frjemdste plakken: in Readsturtsje (Gekraagde roodstaart), in Tomke (Winterkoninkje) hawwe harren nêst yn in alde einekoer, in âlde legerhelm, in bulte byntou boud. Wat is de natoer dochs moai.

gr. Hendrik Kooistra

Nije rispinge

Dronryp/Grou, 11 juny 2020

De lêste wiken groeit it reid as koal en rûnom wurdt der al reid skarre foar it meitsjen fan kuorren. Sa ek yn Dronryp

Yge Walsweer seach by Johannes van der Meer hoe’t dy al wer in moaie foarried ynslein hie. Hy skriuwt:

Ik wie justerjûn efkes by Johannes van der Meer op it stee yn Dronryp. Hy hie in moaie nije rispinge yn skeaven stean te drûgjen tsjin it koerhokje. Der ha ik in foto fan makke, miskien moai foar it nijs foar de strampel.
Mei groetnis,
Yge Walsweer

Johannes mei syn skeaven reid

Nei flaaksboer no ek doarpsreidsnijer

Grou, 28 maaie 2020

No’t it flaaks de groei te pakken hat kin de flaaksboer fan Grou him tarisse op it skarren fan reid.

Bouwe de Groot trof Cees van der Meulen en makke in pear foto’s mei begeliedende tekst:

Nei’t Cees lânbouwer fan flaaks wurde is, is hy no doarpsreidsnijer. De earste bosken hat hy al drûch, sadat it flechtsjen mei de nije rispinge 2020 begjinne kin.

Hitsige jerken

Grou, 27 maaie 2020

Lykas earder al skreaun is yn dizze rubryk ha wy regelmjittich in spantsje einen yn de tún. Hoewol’t in einekoer beskikber is foar it eintsje komt se net fierder as de ynspeksje fan de koer. No kin it wêze dat de koer ôfkard wurdt om’ t dy net foldocht oan har winsken, mar de yndruk bestiet dat it lizzen fan aaien net op it foarste plak komt.

It spantsje kin har tiden noflik deljaan yn de tún en is net benaud foar katten, hoanne en hinnen. Se ha it lykwols net stean op de hûn fan de buorlju as dy al te nijsgjirrich troch de hage kipet, want dan sykje se leaver in oar plak.

It kin ek sa wêze dat wy de beide einen in hiele dei net sjogge. Wêr’t se dan binne is net alhiel dúdlik, mar grif op in plak dêr’t ek oare einen binne. Want oare einen, en dan benammen jerken, witte ús tún ek te finen as it spantsje der is. Alteast as it eintsje der is.

Geregeldwei komt der in hitsige jerke op besite, soms meardere tagelyk. Opjage troch de hormoanen is gjin eintsje feilich. Op it filmke hjirûnder ien fan de jerken dy’t út is op in aventoerke.
De eintsjes ha it dêrby slim te ferduorjen. Let op de achterkant fan de kop fan it eintsje.
..

Fan ‘e wike kaam der in jerke oanfleanen en plofte boppe ús tún as in stien rjocht nei ûnderen. Foardat de oare jerke it yn ‘e gaten hie, hie de ynkringer it eintsje al te pakken. De ferbjustere echte partner kaam foar syn eintsje op en grypte yn.

Hoe’t dit ôfrûn? Sjoch it filmke hjirûnder.

Bonne Bruinsma.

It earste reid

Dronryp / Grou, 24 maaie 2020

Rûnom yn de provinsje begjinne de earste tariedings foar it flechtsjen fan de einekuorren foar takom jier. Dat begjint altien mei it sykjen nei geskikte lokaasjes. En as it reid safier is en it waar ek wat meiwurket, dan kin it heve.i.

It earste reid, skriuwt Johannes van der Meer en stjoert in foto mei it moaie tinne reid yn de kroade.

Schoenmaker blijf bij je leest … en perfoarst net oan de drank komme!

Grou, 15 maaie 2020

Grou ûntwikkelet him jimmermear ta it Fryske middelpunt fan de einekuorrekultuer. Ferneamde flechters (BdG, BB, CvdM) en reidsnijers (deselden en LvdM fan W.) soargje derfoar dat der geregeld nijs is oer de einekuorrekultuer yn de grutte pers. Sa hat ien de niisneamden (gjin namme, privacyregels, beskerming fan it ynvividu) it plan opfette sels flaaks te bouwen. No is dat in kultuer dy’t mar troch in lyts espeltje minsken yn Fryslân behearske wurdt. Ien fan de Grousters dy’t de flaakstylt op de foet folget hat no in foto makke hoe’t it flaaks der foar stiet. Hy skriuwt derby: De boer dy’t dizze flaaks siedde hat, hat earst oan de Warkeweet sitten… Grousters kinne in soad ha. Mar it moat net te fier gean.

(Kenners witte dat ‘Warkeweet’ it wrâldferneamde slokje is fan De Ald Hij fan Dearsum, sjoch www.dealdhij-dearsum.nl en dan oer ‘Warkeweet wie ús kreet’)