Piet Vellema as 100e lid fan De Strampel wolkom hjitten

door

in

Tongersdei, 28 desimber waard Piet Vellema offisjeel wolkom hjitten as 100e lid fan De Strampel. Dat barde yn it Boeremuseum fan Titus de Wolff. Mei in taspraak fan foarsitter Gjalt de Groot en yn bywêzen fan ponghâlder Jan Falkena en skriuwer Cees van der Meulen. De foarsitter memorearre de skiednis fan de jonge feriening dy’t no 5 jier bestiet en noch altyd yn de groei sit.

As geskink waard Piet in koer oanbean en in flechtnulle. Ek krige er de Strampelfilm om him fierder entûsjast te meitsjen foar it moaie ambacht fan it koerflechtsjen.