Prachtige jûnen yn Dokkum

door

in

Dokkum, 24 jannewaris 2021

Efkes in berjocht út Dokkum yn dizze moeilike corona-tiid, skriuwt Hendrik Kooistra.
Hy en syn broer Bouwe meitsje der it bêste fan en sjogge ek de moaie dingen.

En toch binne der ek noch in protte moaie dingen der’t wy fan genietsje kinne. Moandeitejûnen fan 7 oant 9 oere kuorkje by myn broer, lekker by de houtkachel. Buorman Foppe komt altyd om in oer of 8 efkes lâns foar in praatsje.

Woansdeitejûn kuorkje by my, ek wer fan 7 oant 9 oere. Prachtige jûnen binne dit. Bourman Jilles komt gauris troch de doar, ek foar in oerke gezellichheid. Ôfslute dogge we mei een slokje eigenmakke boerejonges. Dit binne jûnen dêr’t wy nei utsjogge.

Hoopje dat 2021 wer in bytsje normaal wurdt, al sil dat noch wol in tiidsje duorje.
Minsken, bliuw sûn.

Groetnis út Dokkum,
de bruorren Bouwe en Hendrik Kooistra.