Reidskarre yn de Âlde Feanen

door

in

Earnewâld, 4 july 2014

De Strampel hat goede kontakten mei It Fryske Gea. Jan Falkena, ponghâlder fan De Strampel èn frijwilliger by It Gea, hat it klear krigen dat 5 leden fan ús feriening tastimming hiene reid te skarren oan de Sytze Maaike feart.

It wie in prachtige simmerdei, de sinne heech oan de himel, de tomkes en lysters songen harren wûndermoaie liet … mem natuer op syn moaist!

Nei in pear oeren hiene we it skouke aardich fol en binne we mei kwalitatyf goed reid wer op hûs oangien. Wa wit geane we takom jier wer in dei … it reid is moai meinommen, mar it yn de natuer wêzen mei sa’n ploechje is wol it allermoaiste!

Reidskarre AF 4 july 2014, Gjalt de Groot, Jan Falkena, Wierd Miedema, Cees van der Meulen, Lolke van der Meer. Lokaasje: Sytze-Maaike feart, eftergrûn Achttjinmêds Pleats
… skoft yn de skou …