Reuzekuorren

door

in

Hortobágy/Grou, 4 augustus 2019

Durk wurdt hast hielendal wei njonken it mear as mânsel reid

In einekoerflechter hat altiten belangstelling foar reid, ek op fakânsje. Op de puszta yn de Hortobágy fan Hongarije kaam Durk Wynia mear as mânsel reid tsjin.

“Soene we hjir ek reuzekuorren fan meitsje kinne”, freget hy him ôf.

As it yn Durk syn fakânsje al min waar wurdt, dan kin hy alfêst yn Hongarije begjinne mei it flechtsjen fan sa’n reuzekoer; in echte flechter hat altiten in nulle by him.

Sa ek Durk: “Fansels ha ik dy mei….. dat is toch standertútrusting as je nei it bûtenlân geane…,soe my ferbaze as immen dat net docht”.

Op de foto toant Durk de nulle. “Dy giet as earste mei yn de bus, dêrnei de frou.”

It soe dan ek samar kinne dat Durk mei in grutte koer op it dak fan de auto werom nei Nederlân komt.

Briede der dan aansens ek guozzen en swannen yn in koer…?

Earder is der ek wolris een grutte koer makke. Yn it argyf fûnen wy noch in foto fan it grutte koer dy’t eartiids makke is troch in Anne Visser. Oft dêr ea wat yn bret hat, is net bekend...

Anne Visser by syn reuzekoer. Hy kin noch krekt oer de râne kypje.