Smjunten, bekende wintergasten yn Fryslân

door

in

Earnewâld, 30 jannewaris 2015.

Mantsje fan de smjunt

In prachtige wintermoarn yn de fûgelhutte fan de Jan Durkspolder. Troch de teleskoopkiker binne hiel wat einesoarten en oare fûgels waar te nimmen. Wylde einen, slobeinen, smjunten,pylksturten, piiptsjillings, tûfeintsjes, kareinen … wat in rykdom!

Op de foto it mantsje fan de smjunt.

Fersprieding (Wikipedia, in seleksje )

De briedgebieten fan de Smjunten lizze yn Noard-Europa, Noard-Azië en in part fan it noarden fan Noard-Amearika. De fûgels libje op marren, somtiden ek by langsum streamende rivieren. By it ynfallen fan de winter trekke de fûgels nei it súden. Yn Europa oerwinterje se yn Midden en Súd-Europa. Ek yn Fryslân binne se dan yn grutte kloften te sjen. Meast by it wetter mar ek faak op de greide of it boulân om dêr te fretten.

Iten

Smjunten binne eins echte fegetariërs. Sy ite wetterplanten mar ek gêrs en oare planten op de wâl. De fûgels binne in 15 oeren deis dwaande mei iten en moatte sa’n 300 oant 400 gram deis hawwe.