Strampel kin ‘m skoan sels rêde!

door

in

Grou, 5 desimber 2017.

It CDA – jo witte wol de partij fan it Wilhelmus en de flagge,  neat mis mei fansels – , freget no ek om stipe foar âlde ambachten lykas dat fan mûnder, reidsnijer en harder. Se hawwe de einekoerflechters even fergetten.

No is einekoerflechter net in berop lykas reidsnijer, mûnder of harder, mar dat soe feroarje kinne as it CDA it hielendal foar it sizzen krijt.

Mei syn hast 100 leden is De Strampel in belangeferiening dy’t op de skaal fan Fryslân der ta docht.

Suggestje: De politisy yn Fryslân moatte sa no en dan de hollen wer leech meitsje foar frisse polityk. Dat kin troch in koer te flechtsjen. De Strampel biedt de partijen tsjin in skaplik pryske in kursus koerflechtsjen oan. Goed foar de mins, goed foar de einen, goed foar de natuer en it âlde ambacht fan it koerflechtsjen bliuwt bestean.

De ryksbegrutting hoecht der net foar oanpast te wurden!

Foar mear ynformaasje: sjoch de webside fan De Strampel: www.de-strampel.frl