Strampel yn Suderbuorren

door

in

Grou, 15 oktober 2016.

Zuiderburen, in nij stikje Ljouwert,  organisearre in ‘klassieke fruitmarkt’ by syn noch wat nearzige fruittún, mei it toanen fan seldsume âlde fruitrassen, mei it timmerjen fan fûgelhokjes, mei it jaan fan ynformaasje oer bijen en huning en … de minsken koene sjen hoe’t in einekoer yn elkoar frissele wurdt. Lolke van der Meer liet sjen hoe’t in wetterlânkoer ûntstiet. De ferkeap gie poerbêst en Lolke rekke hielendal troch syn foarried hinne.

20-16-10-15-006
In prachtich plakje mei in moaie ‘etalaazje’!
20-16-10-15-011
De bern hiene in run for fun!
20-16-10-15-012
Pieter de Graaf, de motor achter dit barren, mei Lolke en Gilberto
20-16-10-15-018
In strampel om JO tsjin te sizzen!

It waar hie better kind en dat remme fansels de taloop wol. Mar de minsken dy’t de reinjas oanlutsen hiene, wiene entûsjast! Wethâlder Diks  kaam ek noch del. De gemeente telt no 8 hiemtunen en de entûsjaste Gilberto Squizzato is de behearder fan al dy hiemparken!