Tiid om reid te skarren

door

in

Grou 13 juny 2019.

Cees van der Meulen is al wer drok dwaande mei de tariedings foar it nije briedseizoen. Hy skriuwt dêroer:

Elk jier besykje ik in noch gaadliker plakje te finen mei noch wer moaier reid. Ik tink dat my dat ek dit jier wer slagge is. Flak foar de biblioteek leit in fiverke en dêromhinne waakst it moaiste reid. 

It leit no te drûgjen mei op de eftergrûn in âld trekker út de tweintiger jierren fan de foarige iuw.