Tsien jerken en trije eintsjes

door

in

jerk ein

foks

reager snoek

 

 

 

Grou,16 desimber 2016.

Cees van der Meulen skriuwt it folgjende:

It is in echte hjerstdei, grize loft, in graad as njoggen. De natuer slommet.

Hjir foar myn hûs yn it Nij Djip sjoch ik de einen en jerken harren doelleaze rûntsjes swimmen. Doelleas? De tsien jerken en de trije eintsjes sile wat om elkoar hinne. It is as op in âlderwetske sneintejûn yn de buorren. De jonges meunsterje de famkes. En oarsom. In stikje romantyk midden yn Grou. Noch in wike as tsien. Dan wurdt it wer serieus!

Tsien om trije … it lykwicht is ferlern. De wittenskip hat sprutsen. We kenne de feiten. It rint út de rails. Binne we by steat in nije wei yn te slaan?

Hoe bringe we it lykwicht wer werom yn de natuer? Om te begjinnen yn Fryslân. Wa kin dat? De boeren? De jagers? De foksen? De mûzebiters? De natuer sels? De natuerbeskermers / leafhawwers …. de polityk???

Hoe dan ek, it yn eare hâlden fan it âlde ambacht fan it koerflechtsjen, dêr steane en geane we foar! Ek yn maitiid 2017 sil Fryslân wer blinke fan einekuorren!

roffugel nat-leafh natuerleafhawwers muzebiter jarre jager-en-boer bioboer