Tweintich boerinnen meitsje wetterlânkuorren

door

in ,

Aldskoat, 26 febrewaris 2018.

Fan Lutske Visser krigen we ûndersteand berjochtsje:

Op 13 en 14 febrewaris ha Gerben vd Meer (út Broek) en ik,  Lutske Visser (ALdskoat) twa jûnen les jûn oan sa’n tweintich  boerinnen om har eigen einekoer te meitsjen.

Yn in ferwaarme skuorre op de Woudfennen by De Jouwer ha we twa moaie jûnen hân. En binne alle boerinnen mei har eigen einekoer en in folder fan de Strampel nei hús ta gien.