Ûndersyk nei einepiken

door

in

Grou, 15 jannewaris 2020

De wylde ein is ien fan de bekendste wetterfûgels en yn 2020 fûgel fan it jier. Der wurdt rûsd dat der sa’n 200.000 – 300.000 breidpearen yn ús lân binne. Nettsjinsteande dat je de ein oeral tsjinkomme kinne, nimt it tal einen de lêste tsientallen jierren ôf. De fraach is hoe’t dit kin fan in soarte dy’t op it each mar in bytsje easken stelt oan it biotoop. De analyse wiist yn de rjochting fan in te lytse kâns fan oerlibjen fan de jonge einepiken

Ûndersikers sile yn dit jier dêryn foaral sjen nei de piken. It is in ferfolch op it ûndersyk fan 2016. Mei help fan de minsken yn ‘t fjild wol men mear ynsjoch krije. Leden fan De Strampel kinne hjir ek belangryk yn wêze, om’t hja in bysûnder each foar einen ha.

Hoe kin men meidwaan?

Begjin diit jier komt der in nije ferzje fan de app Kuiken Teller (fergees del te heljen yn de App-store en Google Play). Troch ein mei piken te folgjen en it tal piken te tellen, kin weardefolle ynformaasje sammele wurde. Der kinne ek gegevens oer East-einen (Krakeenden) en Sop-einen (Soepeenden) ynfierd wurde. Men wol ek kennis sammelje oer de ferhâlding tusken mantsjes en wyfkes Wylde Einen.

Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Sovon.