Útnûging foar alle Strampelleden en oare belangstellenden

door

in

Grou, 5 july 2019

Flaaks yn folle bloei – Follow the blue line

Op tongersdei 4 july seach ik dat it flaaks fan Gjalt de Groot prachtich yn bloei stiet. It is ien golvjende blauwe tekkenHy hat by boer Jehannes Binnema oan de Ljouwerterdyk nr. 2 te Marrum  2000 kante meter ynsieddeOan de oare kant fan de strjitwei by Zoodstra stiet ek noch 400 kante meter. Dat is ek moai fanôf it fytspaad te besjen. Der leit in brêchje nei’t lân en elk is wolkom.

De fjildsjes meitsje diel út fan it projekt ‘Follow the blue line’, wêryn’t ferskate minsken dy’t dizze simmer wat mei flaaks dogge, har presintearje. Dat projekt wie yn LF 2018 in grut sukses.(webside: www.vlasroute.nl)

Op sneon 13, 20, 27 july en 3 augustus tusken 10 en 5 oere kinne belangstellenden even delkomme by Gjalt op Miedwei 11, Holwert om te sjen hoe’t fan flaaks en reid einekuorren flochten wurde en fierders  binne der tal fan produkten dy’t fan flaaks makke wurde. Ek is der gelegenheid flaaks te keapjen of te bestellen. En wa’t sin hat oan in rikke fiskje, dy kin in mieltsje meinimme of fuortendaliks soldaat meitsje. 

Foar de leden fan de Strampel in moaie gelegenheid om alfêst wer yn de stimming te kommen foar it koerflechtsjen. En elkoar te moetsjen en by te praten. Yn ’t ,Swetshok’ fan skriuwer/ ferteller Gjalt sjogge we elkoar! Oant sjen!

Cees van der Meulen, Grou.