“We strûpe derûnder”

door

in

Grou, 5 novimber 2020

Njonken einekoerflechtsjen is âld-foarsitter Gjalt de Groot út Holwert ek skriuwer fan boeken. Yn syn nijste boek beskriuwt Gjalt it libben op Labân dêr’t hy as jonge opgroeide op de pleats ‘Luctor et Emergo’ fan syn âlders.

Yn it Friesch Dagblad fan 4 novimber stiet in moai artikel oer syn boek.

Gjalt fertelt yn it artikel dat hy moarnsier skriuwt, want oerdeis hat hy dat net oan tiid. Dan hat hy oare dingen by de hân, lykas einekuorren meitsje: ,,Yn in oerke haw ik sa’n koer yninoar flechte. Dat is ûntspannend wurk dêr’t ik net by neitinke hoech. Ik kom ta mysels en dan komme de ferhalen yn my op dy’t ik de oare nachts opskriuw.”

It artikel is te lêzen fia dizze link

Gjalt fertelt syn ferhaal oan Jan Ybema fan it Friesch Dagblad. Foto: Jan Spoelstra,