Winter 2020 – 2021 (2)

door

in

Grou, 8 febrewaris 2021

Op 2 jannewaris makke ik in berjochtsje oer de einen yn Grou, dy’t rûnswimme yn it Nijdjip. Doe like winter fier fuort en de einen wiene klear foar de maitiid. No is it moandei 8 febrewaris en it is echt winter!

Sniebuien, -stoarmen soms, frieze, oerdei en nachts, in wite wrâld. En de einen? Dy moatte noch even wachtsje. De wyn malket om de huzen hinne, sniedunen waaie op.

Yn it Nijdjip leit iis, de einen sitte om in grut bit hinne. Mei-inoar in hûndert einen binne op de foto te sjen. Ik tel 66 jerken en 35 eintsjes. Ik kin der in pear neist sitte, soms is it net goed te sjen. Foar elk eintsje sitte der 1,9 jerken yn ‘e wacht. Gjin lykwicht. Spitich.

De einen rêde har wol, wurde byfuorre troch de omwenners, sitte goed yn fleis en fet. De túnfûgels fiele as der snie leit daliks de krapte. Alle dagen sitte der no soms wol sân, acht klysters yn it beamke mei sierappeltsjes.

Winter, we fine it moai dat de natuer wer even ‘gewoan’ is, even gjin praat oer ‘climate change’!

De snieskower komt foar it ljocht!

Cees van der Meulen, Grou.