Ynspeksje fan de koer

door

in

Grou, 12 april 2020

Yn in tiid fan corona virus en alle ûngerief dy’t dêrby heart, hoecht thúsbliuwen net altiten in straf te wêzen. It moaie waar mei in eigen mini-keukenhof, wat hintsjes en de fûgeltsjes meitsje it ferbliuw yn de achtertún tige noflik. As der dan ek noch in spantsje einen regelmjittich delstrykt yn de fiver makket dat it der allinnich mar moaier op.

Want sûnt in wike ha wy der in pear gasten by: in spantsje einen. Alle dagen binne se by de fiver te finen. Meastentiids sitte se te sliepen, as ôfwikseling swimme se wat en badderje der soms op los. Dan wer binne se efkes fuort. Wêr’t se dan hinne gean is net bekend, mar de koers is eins altiten rjochting Prinses Margrietkanaal.

Yn ‘e tún kinne je op in heale meter by se del rinne, dêr jouwe se neat om.
de oanwêzichheid fan it spantsje ropt ek in fraach op: as dy einen no ris langer bliuwe, soen in koer by de fiver dan ek wat wêze?
Yn de garaazje leit noch in koer. Dat, wa wit: faaks kin it noch wat wurde.

De koer lei der noch mar krekt, of de einen hienen der al belangstelling foar. De jerke rekke suver al wat oeral. It eintsje stuts nijsgjirrich it kopke yn de iepening, wylst je se tinken seagen: eartiids lei ik wolris aaien yn sa’n ding. Soe my dat no noch slachje? Oars wol in kreaze koer…fêst ien fan De Strampel…

It bleau lykwols by ynspektearjen mei de jerke dy’t tafersjoch hold. Hy hie al blike litten wol wat mear te wollen as allinnich mar selsskip hâlde.

Op it filmke is te sjen hoe’t it om en ta gie. Klik op it pylkje en it byld begjint te bewegen.

Middeis kaam de jerke nei in útstapke allinnich wer werom. Mei in sêft kweakjend lûd besocht hy it eintsje te roppen. Mar al wat der kaam, gjin eintsje. Dat de jerke wer fuort. Eefkes letter kaam hy werom en itselde ritueel. Wer gjin eintsje. Wy makken ús al ûngerêst; der sil dochs neat bard wêze?

Mar oan ‘e ein fan de middei kamen beiden wer oanfleanen en bedarren mei in plons yn de fiver. It duorre net lang of se leinen al wer te sliepen oan de râne fan de fiver.

Ien fan de twa sil wol in útstapke makke ha mei wa wit hokfoar aventoer.

Bonne Bruinsma