De Strampel

Yn de rin fan 2012 is ‘De Strampel’ as Fryske feriening fan koerflechters oprjochte. Doel is de tradysje fan it kuorkjen feilich te stellen en út te wreidzjen. In strampel is in trijepoat dêr’t in koer yn sleat of sleatswâl op stiet. Foar de oprjochtingsgearkomste op 27 jannewaris 2012 kamen der goed tritich belangstellenden opsetten, dy’t entûsjast wiene oer it idee fan Gjalt de Groot út Holwert in feriening op te rjochtsjen. Om de tradysje fan it kuorkjen yn eare te hâlden, stribbet de feriening it folgjende nei:

• It oplieden fan learmasters
• It organisearjen fan kursussen
• It befoarderjen fan it behâld fan streekeigen flechtmetoaden
• It behâld fan it brûken fan streekeigen materiaal
• It yn ’e kunde kommen mei ferskate flechtmetoaden
• It jaan fan demonstraasjes
• It organisearjen fan in ‘beurs’
• It beljochtsjen fan de histoarje fan it flechtsjen

It earste bestjoer bestie(t) út: Gjalt de Groot, foarsitter; Jan Falkena, ponghâlder; Cees van der Meulen, skriuwer.