Privacybelied

Dit is de privacyferklearring fan ‘De Strampel’, oprjochte yn 2012 en fêstige yn gemeente Súdwest-Fryslân, ynskreaun yn it Hannelsregister by de Keamer fan Keaphannel ûnder nûmer 82168/TC.

Dizze privacyferklearring slacht op de gegevensferwurking fan de leden fan ‘De Strampel’.

De Strampel respektearret de privacy fan alle leden en ek fan de brûkers fan ús webside en sosjale media.

Wy steane der noed foar dat de persoanlike ynformaasje dy’t jo ús jouwe, fertroulik behannele wurdt. Dizze privacyferklearring is allinnich fan tapassing op tsjinsten fan De Strampel.

Gebrûk fan ús tsjinsten Wannear’t jo jo oanmelde as lid*) fan De Strampel, freegje wy jo om persoansgegevens te jaan. Dy gegevens wurde opslein yn ús lede-administraasje en allinnich brûkt foar ús lede-administraasje en as de feriening oergiet op automatyske ynkasso foar de ferwurking dêrfan. Jo persoansgegevens wurde allinnich brûkt troch De Strampel.

Wy jouwe jo persoansgegevens net oan tredden sûnder jo tastimming, of it moat wêze dat wy dêrta ferplichte binne op basis fan de wet of in rjochterlike útspraak, of as dat needsaaklik is foar it útfieren fan in oerienkomst tusken jo en De Strampel.

Jo hawwe altyd de mooglikheid om jo persoansgegevens yn te sjen, te feroarjen of te ferwiderjen. Yn dat gefal kinne jo kontakt mei ús opnimme fia: bestjoer@de-strampel.frl  As jo op watfoar momint dan ek gjin priis mear stelle op it ûntfangen fan ynformaasje mei de mail dan kinne jo jo dêrfoar ôfmelde fia: bestjoer@destrampel.nl

Termyn fan bewarjen

De Strampel bewarret jo gegevens salang’t jo lid bliuwe fan de feriening.

Nei útskriuwing sille wy jo gegevens ferwiderje.

Jo kinne jo, as jo dat winskje, útskriuwe fia: bestjoer@de-strampel.frl

*) lid, jildt ek foar stiper