Maand: april 2019

  • In grutske mem mei tolve pykjes

    door

    in

    Grou, 27 april 2019 In bysûndere Keningsdei foar Cees van der Meulen. Cees skriuwt: Op Keningsdei swommen mem en pykjes op it Nijdjip yn Grou. It eintsje hat op fjouwer meter hichte yn de bjirkebeam by ús foar de doar soarge foar in keninklik neiteam. Mei it jerkje – no yn alle rêst – neist…

  • De wûndere wrâld fan Madrid

    door

    in

    Madrid/Grou, 20 april 2019. Cees van der Meulen skriuwt it folgjende: De wûnders binne de wrâld noch net út! Einen, nylguozzen en reidhintsjes yn it hert fan Madrid. Wy wiene koartlyn yn Madrid, in stêd mei mear as 3 miljoen ynwenners. In soad asfalt, beton en hege huzen, gesellige terrassen, paleizen en musea, mar ek…

  • Einekuorren yn fiver by Wetterskip

    door

    in

    Grou/Ljouwert, 18 april 2019 By Wetterskip Fryslân binne se dwaande mei it opknappen fan de fiver by it haadkantoar yn Ljouwert. It like Harrie Bosma fan it wetterskip wol moai as der in pear einekuorren yn de fiver kamen te stean. Doe’t hy dêroer kontakt opnaam mei De Strampel wie it gau regele. Der wie…

  • Doch mei en tel de einepiken

    door

    in

    It tal briedgefallen fan de wylde ein nimt sûnt de jierren njoggentich stadichoan ôf. Yn in earder nijsberjocht ha wy dêr al ris wat oer skreaun. Ûndersikers tinke dat te min piken folwûksen wurde. Yn de ôfrûne twa jier hat út ûndersyk bliken dien dat te min piken oerlibje om de natuerlike stjêrte te kompinsearjen.…

  • Nij libben by Jan Falkena

    door

    in

    Oerterp, 8 april 2019 In koart en moai berjocht fan Jan Falkena: Goeie, Dizze middei om kertier oer ienen de earste trettjin pykjes út de koer. Groetnis, Jan Op 22 febrewaris koe Jan al fjouwer aaien melde. Dat binne der dus trettjin wurden. De pykjes binne mei waarm sinneskyn waar de wide wrâld ynsetten. Lykwols, de kommende dagen…

  • Einen, piken, aaien en dakpannnen op kuorren

    door

    in

    Wergea/Grou, 5 april 2019 Fan ‘e moarn wie Lolke van der Meer fan Wergea hjir yn Grou by Cees van der Meulen op besite. Hy fertelde it ien en oar oer einen, piken, aaien en dakpannen op kuorren. “Op 2 april seach ik by ús yn de buert in ein mei pykjes, dat is wol hiel betiid. As ik weromrekkenje dan…