Maand: maart 2021

  • Roeken

    door

    in

    Grou, 30 maart 2021 Yn it nijsberjocht fan 28 maart (Op besite by Hessel Bouma) fan Herre van Dokkumburg stiet in dat Hessel muoite hat mei it pakken fan de roeken: “(…) Ja, dy ferrekte roeken. Dy roeken kin ik net pakke.” Bokke Span út Easterwâlde (berne yn Jelsum), natuerman en grut kenner fan it…

  • ‘Op besite by Hessel Bouma’

    door

    in

    Grou, 28 maart 2021 Yn it Verenigingsblad van de Friese Vereniging voor landbouwhistorie ‘It Ark’, fan Feriening Afron, nû. 77, 2021-01, side 6, stiet in njisgjirrich artikel oer in besite oan Hessel Bouma. Hessel hat in oplossing fûn om stienmurden wei te hâlden by de einekuorren. Ek hat hy it net op oare rôvers stean.…

  • De striid tsjin wyn en fean

    door

    in

    Grou, 20 maart 2021 Yn it berjocht Einekoerprojekt 2021 is ferslach dien fan it setten fan de strampels mei einekuorren yn it Wilhelminapark te Grou. In pear dagen nei’t de kuorren pleatst wienen, lei der al in stik bôle yn de hals fan ien fan de kuorren; faaks mei goede bedoeling yn de koer smiten,…

  • Mei in einekoer út, klaaie we Warten oan!

    door

    in

    Warten/Holwert, 15 maart 2021 Museum Warten stjoerde it folgjende berjochtsje oan De Strampel ta. Mei in einekoer út, klaaie we Warten oan! It flechtsjen fan einekoer is folle mear as it kreëarjen fan in lisplak foar in ein. It is troch de iuwen hinne in foarm fan folkskeunst wurden dy’t by de kultuer fan Fryslân heart en dan bynammen yn ’t wetterlân. It past dan ek alhiel by Museum…

  • Strampel

    door

    in

    Grou, 14 maart 2021 De betsjutting fan it wurd ‘strampel’ no en yn eardere tiden. Frysk is in libbene taal. De namme fan ús feriening is in Frysk wurd dat stadichoan oan it ferdwinen wie, mar is sûnt 2012 foar de leden fan de Fryske feriening fan Einekoerflechters wer hiel libben. No is foar hiel wat minsken yn Fryslân it wurd Strampel wer op…

  • In spantsje einen foar de gesellichheid

    door

    in

    Grou, 14 maart 2021 Yn ‘e maitiid fan ferline jier ha we in tiidsje in spantsje einen yn de achtertûn hân. Sy hienen it wol nei’t sin, mar oan aaien lizzen binne se net takaam (sjoch hjir it berjocht). Dit jier sit it selde stltsje wer regelmjittich yn en by de fiver. Alteast, wy tinke…

  • De Strampel yn Hea

    door

    in

    Grou, 8 maart 2021 Moandei 7 febrewaris binne der opnamen makken oer it einekoerflechtsjen by ielfisker Ale de Jager yn Reduzum. Cor Snoeij en Bouwe de Groot ha dêr it ien en oar ferteld oer De Strampel en de keunst fan it einekoerflechtsjen. De bylden wurde útstjoerd op Omrop Fryslân yn it programma Hea op…

  • Earste eine-aai by Jinke

    door

    in

    Wurdum 5 maart 2021 Freedtemoarn kaam der heuchlik nijs fan Jinke Kuperus út Wurdum: Ik ha myn earste eine-aai. Yn in koer fan Bertusop de hage (sjoch foto). De ein hat in lúkse wenning útsocht, want der sit in ekstra dak op de koer.Mar der lei fannemoarn wol 2 sm iis op it wetter, skriuwt…

  • Einekoerprojekt 2021

    door

    in

    Grou, 3 maart 2021 Alle jierren hat De Strampel in einekoerprojekt om de bekendheid fan De Strampel út te dragen. Dit jier is it Wilhelminapark yn Grou útkeazen. It Wilhelminapark hat fan ‘t winter te krijen hân mei fûgelgryp dy’t der foar soarge hat dat fûgels dea gienen en oaren romme wurde moasten. Stadichoan kamen…