Nije ûntwikkelingen yn de koerflechterij

Holwert, 13 april 2021

Nettsjinsteande de remmenjende wurking fan de koronapandemy ûntwikkelet de wrâld nije ideeën. Ien fan de leden fan de Strampel dy’t bekend stiet om syn rike fantasy is Gjalt de Groot. Ûnder ynfloed fan de tanimmende fraach nei kuorren komt hy mei in nij revolúsjonêr model koer. It is mear in flochten fruitskaal, mar wól izersterk en yn in foech kertier te meitsjen.

It proefmodel fan dizze skaalkoer leit tusken de takken fan in âlde wylch en fuortendaliks hiene de eintsjes der belangstelling foar. No sit der in eintsje te brieden op sân prachtige ljochtgriene aaien. Plom sit der net allinne yn it nêst mar is ek ferwaaid en hingjen bleaun oan de takken.

Op it proefstasjon fan Gjalt is ek in grintbak te sjen. It idee komt fan Riepke Glas fan Mûnein dy’t der súkses mei hie. In spantsje strânljippen is al dwaande in proefnêst yn de stientsjes te meitsjen.

Neist wetterlân- en klaaikuorren is der in nije kreaasje op de merk kaam. Sa ûntduts Gjalt net safier fan Lichtaard in pracht fan nij hûs mei in izersterke HERAS-koer.

CvdM

Man fan kwalitatyf sterke kuorren

Grou, 12 april 2021

As wy it oer markante flechters ha, dan wie Bertus Kuperus dêr ien fan. Op 1 april kaam der in ein oan it libben fan Albertus (Bertus) Kuperus.

De kuorren fan Bertus wienen kwalitatyf sterke toukuorren. Hy hie syn eigen flechttechnyk, mei de opfallende kleuren fan it tou dat foar de lofters brûkt waard. Dat tou koe wyt wêze, mar ek grien of oranje-read. Dêrtroch koe men Bertus syn kuorren der gau út. It briedsúskses yn de kuorren wie der net minder om; einen lette net op de kleur fan de lofters, as de koer mar rom genôch is. En de kuorren fan Bertus hienen ‘in moai kontsje en in ferliedlik búkje’, sa beskreau Cees van der Meulen yn it berjocht fan 17 febrewaris 2014 de kuorren fan Bertus. ‘Dat set jerken oan ta aksje.’

De kuorren fan Bertus wienen faaks dêrom wol yn trek by de einen, want gauris kaam út Wurdum de melding fan betide aaien yn ien fan de kuorren fan Bertus. As Bertus ien fan syn kuorren winterdeis yn it skiphûs lizze litten hie, koe it wêze dat de earste eine-aaien soms healwei febrewaris al yn de koer leinen.

Yn it nijsberjocht fan 21 july 2018 stiet treflik beskreaun hoe’t in bûnt selskip fan âlde en jonge kwêkers op it hiem fleur en kleur brochten yn it libben fan Bertus en Jinke Kuperus yn Wurdum. Bertus hie sawat in persoanlike bân mei de kwêkers.

Bertus wie net ien dy’t de publisiteit socht, mar mear in man fan de eftergrûn. De kontakten nei de bûtenwrâld waarden meastal stâl jûn troch syn frou Jinke.

Bertus wie in trou flechter op de beurzen, wêr’t Jinke ek altyd in wichtige rol spile mei har ‘lytse hannel’.

De lêste tiid moast Bertus hieltiten mear ynleverje, en einekoerflechtsjen siet der al in skoft net mear yn. Yn Nij Mellens koe hy noch genietsje fan de kuorren dy’t dêr troch Tom van der Meer delsetten wiene. It útkommen fan de aaien hat hy net mear belibje mocht.

Earste melding piken

Oerterp 8 april 2021

By Jan Falkena binne de earste einepikden hjoed út it aai kommen. Jan skriuwt:

Dizze moarn is de earste ein by my útkommen.
Resultaat 11 einepieken.
It sil wol to betiid wêze mar we sille der it bêste mar fan hoopje.

Groetnis, Jan F.

Ferline jier hie Jan de earste piken op 19 maart, trije wike earder as yn 2019. Op 19 maart 2020 lei de temperatuer in pear graden heger as no. It is te hoopjen dat de piken fretten fine kinne mei de kjeld fan no..

Kontrôle einekuorren

Dronryp/Grou, 6 april 2021

Om nei te gean oft de kuorren dy’t útsetten wurde ek briedsúkses ha, moatte de kuorren kontrolearre wurde. Yn Dronryp dogge se dat op harren eigen wize. Joan Brink fan Dronryp stjoerde in pear foto’s oer it kontrolearjen fan it eineprojekt yn Dronryp.

Yn febrewaris binne de kuorren útsetten, wêrby’t profitearre waard fan de iisflier. Doe hoechden de mannen dus net mei in boatsje it wetter op. Hoe oars is dat as de einen oan ‘e lêch binne en de besetting fan de kuorren kontrolearre wurde moat: dat wurdt dan mei in boat dien.

Dêr wurdt in bysûnder selsmakke boatsje foar brûkt. Alteast, it moat foar boatsje trochgean; in pear surfplanken oan mekoar fêstmakke mei wat planken. Mar it driuwt en kin twa minsken maklik hâlde. De mannen moatte dan wol hoeden manoeuvrearje om by de kuorren te kommen. Net te folle bewege is it advys, want oars wurdt it swimme.

Troch de koroana-maatregels is it no net mooglik om mei syn twaën op it boatsje by de kuorren del te gean. De foto’s binne in pear jier lyn makke doe’t der noch gjin sprake wie fan koroana.

Op de foto’s: Tamme Veldstra mei de kloete en Johannes van der Meer noflik sittend mei de bats, dy’t as peddel en roer brûkt wurdt.