Twa tige gesellige dagen!

Grou, 28 septimber 2021

Yn it wykein fan 25/26 septimber organisearre Museum Warten yn grutte gearwurking mei skriuwer Gjalt de Groot in barren yn de foarm fan in Lêzersreuny nei oanlieding fan it sukses fan Gjalt de Groot syn boek ‘We strûpe derûnder’. Foar Srampelleden wie dit in mooglikheid om nei in lange tiid inoar werris te treffen. Sa’n 25 leden hienen harren opjûn.

Ien fan de twa Strampel-preammen

Twa preammen mei Strampelleden gienen sneontemiddei it wetter op om ferhalen oan te hearren fan Cees van der Meulen en Jan Oostenbrug oer it gebiet dêr’t de ferhalen yn it boek fan Gjalt him ôfspilen. Mar ek krige se ferhalen te hearren fan oaren yn de pream oer harren tiid dat se yn it gebiet wenne, libbe of wurke ha. 

Cees van der Meulen lit in foto sjen fan eartiids doe’t it hiele lân derûnder strûpt wie.

De fartocht gie fansels lâns ”Luctor et Emergo”, de pleats dêr’t Gjalt yn syn bernejierren opgroeide. 

De pleats “Luctor et Emergo” ferskûle achter de beammen

Mar ek oare pleatsen en wenningen, lykas ‘Cuba’, ‘Labân’, ‘Sytze en Maaike-hússtee’ en al dy oare pleatsen dy’t yn it boek neamd wurde.

Sa’n twa oeren ha de minsken harren tige fermakke mei yndrukken fan it gebiet en de moaie ferhalen ûnderweis.

Jan Castelein, berne en opgroeid yn Warten, wist ek boeiende ferhalen te fertellen

Foarôf en nei de fartocht wie der noch fan alles te belibjen by de ‘Greidbuorkerij’ en it ‘Earmhûs’. Sa koe der potstro of grauwe earten iten wurde, waarden netten en foeken taand yn de grutte taantsjettel wienen in pear manlju op âlde kachels oan it fiskbakken en Gjalt de Groot stie der te ielrikjen. In stikje muzyk makke it feest kompleet.

Sneons wienen Bouwe en Hindrik Kooistra ûnder de heakap oan it flechtsjen en sneins sieten Cor Snoeij en Lolke van der Meer op dat plak. Cor: “Wy hienen in protte praters. Doe’t Lolke efkes fuort wie ferkocht ik twa moaie wetterlânkuorren fan Lolke. Letter ferkocht ik myn eigen ek noch (reid en flaaks). Dy binne wat goedkeaper, mar dat ferkeapet ek goed. Jo kinne de hannel net lizze litte.” Foar de folders fan De Strampel wie ek aardich wat belangstelling.

Bouwe en Hindrik Kooistra yn petear mei Bouwe de Groot

De nije banier fan de Strampel stie út en kaam goed ta syn rjocht.
Al mei al twa tige gesellige dagen en in moaie promoasje foar De Strampel.

Einen wurde wer wat warber

Grou, 19 septimber 2021

Nei lis- en briedperioade en it grut wurde fan de piken fernimme wy net safolle fan de einen. Se jouwe harren del en ûnderwilens krije se nije fearren. Om’t de einen dan in skoftke muoite ha mei fleanen binne se kwetsber. Se lûke harren werom en sykje beskerming tsjin rôfdieren.

Se sykje mekoar dan op. Yn de ôfrûne moannen koe men de einen soms ek wer yn groepen stil yn it lân sitten sjen, de snaffel yn de fearren en de eagen ticht. Mar der ûntgiet harren neat. Want as men stean bliuwt by de einen yn ‘e buert, dan komt de kop omheech en binne se wach..

Ek yn de doarpen sykje de einen elkoar ek op, wêrby’t in fisksteiger soms favoryt is..

De lêste wiken wurde einen wer aktiver en sjitte soms as in F35-strieljager troch de loft, soms ien mar ek groepkes fan in stik of fiif. Aldergelokst ha se gâns minder leven as de strieljagers. Watte? Men heart se net iens.

No’t it ferfeearjen hast wer dien is begjinne se ek wer pearkes te foarmjen en litte harren ek wer hearre. Op de foto’s hjirûnder is te sjen dat it ûnderskied yn uterlik ek wer wat sichtberder wurdt.

Der sit lykwols noch net in soad aksje yn, dat litte se graach oan de reidsnijers en de einekoerflechters oer…