“Se skite alles derûnder”

Grou, 10 oktober 2021

Sûnt in pear moanne swimme en rinne yn Grou einen dy’t wat oars binne as de gewoane doarpseinen. Se gedrage harren oars en se sjogge der ek oars út: hielendal wyt en guon ha in tûfke op de kop.

De seis einen hearre by in wenning oan it wetter. Se kinne sa it wetter yn en swimme dan soms einen fan hûs. Ek rinne se oer de dyk en twinge auto’s somtiden om te stopjen. Se komme ek rûnom by minsken op it hiem. Net elkenien is hjir like wiis mei; “se skite alles derûnder”, sa heart men bewenners klaaien.
Geregeld litte de einen harren hearre mei in lûd kweakjen, krekt wat oars as by wylde einen en doarpseinen.

Nei wat sykjen op ynternet soe it hjir gean moatte om de ‘Hollandse kwaker’. Op Wikepedia stiet it folgjende skreaun: De Hollandse kwaker is een klein gedomesticeerd eendenras, ook wel witte kwaker genoemd omdat een bekende variëteit wit van kleur is. De eend komt oorspronkelijk uit Zuidoost-Azië en is een van de vele varianten van de pekingeend. Over de oorsprong van het ras zijn verschillende hypotheses. Het ras was al bekend in de 19e eeuw en zou van Hollandse oorsprong zijn of meegebracht door Hollandse zeevaarders uit China of Japan, al dan niet als fokproduct. In andere landen zijn ze bekend onder de namen Zwergente (de), Call duck (en) of Canard mignon (fr).

De tûf op de kop is ynfokt. Dat kin by elk eineras. Dizze frivoale fersiering is al hûnderten jierren bekend, sjoen de wite tûfeinen op de ‘hoenderhoven’ fan de 17e-ieuwske skilders Jan Steen en Melchior d’ Hondecoeter.

Der binne einen mei tûf en einen sûnder tûf; it pearjen fan tûfeinen smyt likegoed einen mei tûf as einen sûnder tûf op.

De ‘Hollandse kwaker’ waard eartiids in soad ynsetten by einekoaien. It lûde kweakjen fan dit ras koe de eigner fan de einekoai helpe by it lokjen fan wylde einen. De wylde einen waarden troch it koaikershûntsje nei de saneamde piip lokke, wernei’t de einen ‘de piip út gienen’ foar de poelier.

Earder is hjir alris wat skreaun oer einekoaien.

Troch op de ôfbyldings te klikken, komme se grutter op it skerm.