Byprodukten

Âldeboarn, 1 augustus 2022

“As flechter meitsje je ek wol wat oare dingen sa as bygelyks ‘nestkastjes’. Twa fan my binne bewenne. It nêstkastje op de earste foto is bewenne troch in pearke tomkes. Dat is wis. Yn it kastje op de twadde foto is net dúdelik wat deryn sit. Ek hielendal folstoppe mei rûchte. Miskien ek in tomke? Ûnder in ôfdakje wurket it it beste, ha ‘k de yndruk.”

Cor Snoeij.

Tankbere en nuete einen

Aldeboarn, 1 augusutus 2022

Doarpseinen binne soms tige oan minsken hechtte. Se binne faak de hiele dei op of by it hiem en wachtsje dan oant se wat krije. Cor Snoeij hat dêr wol niget oan. Hy besiket by de einen op de lije side te kommen troch se te fuorjen en hopet dan dat se yn syn kuorren in aai lizze.

“Sa nuet binne se,” seit Cor.

“Moai stel, allegear deselde tekening. En oh sa mak, rinne me alles êfternei. Ik tink dat se oh sa tankber binne dat ik in wenning foar hun makke ha”

“In ein is net kritysk”

Âldeboarn, 1 augustus 2022

“Sa, ik ha de kuorren ek wer opromme”, skriuwt Cor Snoeij. “Se wurde nei in pear jier der net better op. Ach, net daliks ôfskriuwe sis ik altyd. Opknappe.

Opknappe giet flugger as it meitsjen fan in nije

Op dizze wyze kinne se noch in jier mei. In ein komt graach werom nei in âlde koer, dêrom. En opknappe giet flugger as it meitsjen fan in nije. In ein is net kritysk, sis ik altyd. Ik ‘beheer’ 6 kuorren. Út 5 binne piken kaam.”

Cor Snoeij