Flechtsje yn De Alpen

Grou, 26 augustus 2022

Guon flechters dogge der alles oan om by it Frysk Kampioenskip Einekoerflechtsjen sa goed mooglik te prestearen. Hendrik Kooistra út Dokkum is dêr ien fan. Hy is sels op in heuse hichtestaazje gien.

“Goeiedei”, skriuwt Hendrik. “Myn frou ek ik sitte foar fakânsje yn it moaie Eastenryk. Zillertall. Wy sitte op sa’n 1000m mei in prachtich útsicht. Mar ik haw toch myn flechtersattributen mar meinommen en wat reid en flaaks om een pear kourren te meitsjen. Miskien wol in moaie knappe koer foar 17 septimber, wa wit. Mei de freonlike groetnis, Hendrik Kooistra.”

Op de foto’s: Hendrik op hichtestaazje tusken de Alpen.

Demonstraasje op Boeredei Opende

De Pein, 25 augustus 2022

Op saterdei 20 fan de rispmoanne hawwe Binne van der Velde en syn beide “learlingen” Pieter van der Wal en Harrie van der Heide in demonstraasje koerflechtsjen jûn op de Boeredei yn Opende. Mei prachtich waar en op it “geplof” fan in draaiende Lanz Bulldog hawwe we de Strampel en it koerflechtsjen prachtich moai promote kind.