It folle einelibben

Grou 29 april 2023

Koartlyn kamen út ien fan myn âldste kuorren dizze pykjes, ien, twa trije … fjirtjin  … en ja hear, noch tusken de snilen … nûmer fyftjin!

Nei alle ynspanningen en ûntsizzingen yn de tiid fan it brieden en it by inoar roppen fan de pykjes is it hearlik even frijút te spatten en te poetsen.

It duorre mar in pear dagen oft der wie al wer belangstelling foar de âld koer!

Orange Feste Oraniënburg

Grou, 27 april 2023

In skoftsje lyn waard ik frege om te flechtsjen yn Oraniënburg yn Dútslân, Dy ûnderfining woe ik wol ris meimeitsje, al seach ik ynearsten wol wat op tsjin de lange busreis. Yn it wykein fan 22 en 23 april wie it safier.
Mei De Fryske Dûnsers en in tal minken fan Ambachtelijk Friesland setten we sneontemoarns acht oere ôf. Nei in reis mei de nedige opstoppings kamen we om seis oere oan op it plak fan bestimming.

Oraniënburg leit sa’n 30 km noard fan Berlyn en hat 44.500 ynwenners. Nei in oernachting yn pension Oranjehus gienen we sneintemoarns om acht oere mei de bus nei it eveneminteterrein foar Schloss Oraniënburg. Dit slot is yn 1653 boud troch Keizer Wilhelm foar syn frou Louise Henriëtte van Oranje-Nassau, dochter fan Frederik Hendrik van Oranje en Amalia van Solms.

Mei de fleurige klanken fan Gutenmorgen Sonnenschein fan Nana Mouskouri út de lûdsprekkers en in taspraak fan de boargemaster waard it feest iepene. Fan sinne wie lykwols net folle te bekennen, want it wie suterich waar. Foar my kaam it reinwetter wol fan pas, want it reid wie – nettsjinsteande dat ik it thús al wiet makke hie – aardich drûch en knapperich. It woe earst dan ek tige min flechtsje. Nei in pear oeren rein wie it reid al in stik better te brûken. Middeis kaam it sintsje derby en waard it lekker waar. Doe moast de sproeier wer brûkt wurde.

Mei it sinneskyn waar kamen der ek mear besikers nei de merk en waard it by de kreamkes hieltiten drokker. Dan komme ek de fragen. No is myn Dúts net sa geweldich, en dêrom hie ik Cees van der Meulen frege in stikje histoarje oer einekuorren yn it Dúts oer te setten. De útprinte tekst lei op de tafel yn de kream mei in pear foto’s fan einekuorren derby. Dat ik koe by de measte fragen de minsken wol nei de tekst ferwize. Ek de sjoernalist dy’t nijsgjirrich wie wat ik oan ’t dwaan wie; sy hat in foto makke fan de tekst en koe sa thús har ferhaal derút helje.

Ien besiker frege oft de koer bestimd wie foar ’Kartoffeln’; dy koe ik noch wol oan it ferstân peuterje dat dit net it gefal wie, mar as hy de koer dêr foar brûke woe, dit wol mooglik wie. It like de mans net goed ta, leau ik, want hy sette wer ôf sûnder koer.

Om 18:00 oere wie it feest ôifrûn en bleau ik sitten mei ien koer, dy’t reservearre wie mar net ophelle is. In lange dei siet der op, mar mei út en troch in Frysk sankje op de eftergrûn giet it flechtsjen as it slydjaget.

Moandeitemoarn om healwei njoggenen binne we wer op nei it Heitelân ta setten en tsjin fjouweren wie de bus wer yn Drachten. Al mei al in aventoer dat goed smakke hat.

Bonne Bruinsma.

In stikje histoarje oer einekuorren stiet no ek op de webside, yn it Fryske en it Nederlânsk. Sjoch by menu ûnder De Strampel.

Lolke syn koer swier favoryt

Holwert, 20 april 2023

Dit jier wiene der gâns mear einen as oare jierren by ús en yn de omkriten. Dat fol fertrouwen hong ik heal febrewaris achttjin einekuorren út. Tolve by de mûne, moai op strampels yn de Hulp (de mûnefeart), twa op strampels yn in feart dêr’t ik de wetterstân in meter ferhege haw troch de piip yn de daam mei in amer ôf te sluten, en dan noch fjouwer hjir op ’t hiem yn de beammen. By de beammen haw ik trouwens op sa’n oardel meter hichte blik om ’e stam hinne spikere tsjin de stienmurden. 

Hoewol’t it der earst aardich op like, waard it dochs 15 maart foar’t ik de earste trije aaien fandelje koe en de smaak priuwe. Heearrrlik!! Och, wat smakket my sa’n eine-aaike alderhearlikst! En wêr leine dy earste aaien yn? Ja wis, ….yn de koer fan Lolke. Ik haw ien koer fan Lolke van der Meer út Wergea dêr’t ik troch ruilhannel oankommen bin. 

Al rillegau kamen der no mear einen oan ’e lêch. Se hawwe de kar út achttjin kuorren, mar der wiene wol twa dy’t yn dy koer fan Lolke leine. Doe’t de earste ein de lêch út hie en briede woe, begûn it gefjocht mei de ein dy’t lizze woe. Ik haw doe alle aaien mar út de koer helle, skjinmakke en wer nij koartknipt reid deryn lein. En, ja hear, in pear dagen letter alwer in oare ein op ’e koer en in dei as wat dêrnei aaien. 

We binne no 15 april en fan dy dei ôf lit ik de einen briede en soargje dat se allegear op sân à acht aaien sitte. Ik haw mei-inoar mear as 200 eine-aaien fandele wêrfan 32 út de koer fan Lolke. No, dan kinne jo dochs mei rjocht en reden sizze: Lolke flechtet de Fryske Kampioenskuorren!

Einepiken kommendewei en Mearjerkerij

Grou, 20 april 2023

Justerjûn wie it in drokte fan komsa ûnder ien fan ús kuorren yn in beam boppe it Nijdjip yn Grou. Wol de ein heal út ‘e koer, mar noch gjin piken.

En ek fjouwer bluisterige, geile jerken.
Folkje Koster makke der in gedichtsje oer, mei in fariant op ‘veelwijverij’ neamt sy it ‘mearjerkerij’.

(Mei tastimming fan de dichteres hjir pleatst. Sjoch: Mearjerkerij (gedicht) | It Nijs)

Cees van der Meulen.

Mearjerkerij

Fan dit wurd ha jo miskien noch nea heard.

No ik ek net, mar ik ha it fannewike leard. 

It sit nammentlik sa,
Alle jerken wolle graach in wyfke ha.

En allegearre sitte se mei in protte machtsfertoan
achter de earme eintsjes oan.
Soms wol trije tagelyk,
it eintsje rekket dan hielendal yn panyk.

Mar fan mearjerkerij is by har gjin sprake,
sy wol har mar mei ien jerke ‘fermake’.
De sterkste is fansels de man,
mar ja, wat moatte dy oare twa dan?

De natuer hat dêr gelokkich in oplossing foar,
dy twa dogge it dan gewoan mei-inoar.

Folkje Koster

Kuorreprojekt 2023

Âldskoat/Grou 18 april 2023

Op de lêste jiergearkomste ha de leden besletten foar it kuorreprojekt 2023 trije einekuorren beskiber te stellen foar Vogelwacht Heerenveen-Oranjewoud.

Lutske Visser (ek foarsitter/skriuwer fan de fûgelwacht) stjoert in pear foto’s wêrop’t ien fan de trije kuorren stiet. “Dizze hat in moai plakje krigen”. seit Lutske. “Dit is ien fan de trije kuorren. Der binne trije jonges dy’t alle trije in koer op in oar plak pleatst ha. Nettsjinsteande dat ik se meardere kearen frege ha foar in foto ha ‘k mar fan ien jonge in foto krigen. Se binne sa drok mei de briedsoarch en de neisoarch dat se foar in foto de tiid net nimme.”

Op de foto’s is te sjen dat de koer yndied in moai plakje krigen hat.

Flechtsje by Murk Nijdam.

Bitgummole, 2 april 2023

“Lolke van der Meer en ikself ha in prachtige dei hân”, skriuwt Durk Wynia. Op 1 april jûgen se in demonstraasje einekoerflechtsjen op de ‘Open dag Gruttoland’.

“We sieten dy deis te flechtsjen yn it besikerssintrum fan de ‘Agrarische Natuurvereniging Fryslân’ by Murk Nijdam oan de Slachte. We ha der fan moarns 10 oere oant middeis 5 oere sitten. Dizze iepen dei is drok besocht. De fûgelhutten wienen te besykjen en dêr ha aardich wat minsken gebrûk fan makke.”

Durk rûst dat der sa’n 250 minsken lâns west ha. De freeds derfoar is it boek Grutto land presentjeare.

De lêste kursusdei fan dit winterskoft yn Dokkum

Dokkum/Grou, 1 april 2023

It kursusseizoen fan de bruorren Kooistra út Dokkum sit der wer op. Hendrik Kooistra stjoerde in ferslachje en in foto fan de lêste kursusdei fan dit winterskoft

“Saterdei 1 april hawwe we de lêste kursus fan dit winterseizoen jûn oan in geweldige en entûsiaste groep minsken. En ik moat sizze: de froulje hawwe it wûn fan de mannen.

Nei in bakje pruttelkofje en wat útlis starte we om 10 oere: mei neat begjinne. En dat falt net ta. Mar mei wat help komt der dochs in lyts kontsje en as de stekpinne derby komt, komt der ek wat foarm oan de koer.

Nei in kop brune beannesop en in brochje wurdt der wer fanatyk trochset. Om healwei fjouweren binne de measten klear mei de koer en wurdt der ôsluten mei in slokje.

Alle kursisten krije in sertifikaat wernei’t eltsenien wurch mar tige grutsk mei de selsmakke koer wer op hûs oan giet.”

Yn Bitgummole moatte se oer op gruttere kuorren

Bitgummole/Grou, 3 april 2023

Yn it berjocht fan 19 febrewaris waard melding dien fan in earste eine-aai yn in âld koer fan Durk Wynia. Ôfrûne wykein die bliken dat it net by ien aai bleaun is. Hjir it ferslach fan Durk.

“In wike nei’t ik in aai yn de koer fûn, wie de koer leech mar nog wol mei in nêst… ik ha der hjoed wer west en de kont hong in bytsje yn it wetter. En omdat it om in âld koer gie, moat der om tocht wurde en in toutsje extra kin dan gjin kwea.

Doe’t ik hast by de koer wie fleach der in ein út en koe ik sjen wêrom dy koer sa fersakke wie…. 21 aaien yn it dûns! Ik ha de koer sa goed mooglyk wer fêst bûn mar wat dit wurde moat, wit ik net.

Omdat ik oan de oare kant fan de dyk myn VVV koer op in strampel ha wie ik ek nijsgjirrich of’t dêr al wat yn siet. Mei it waadpak der op ta, en ek dêr fleach in ein út. Dizze koer hong net yn de kont mar ek hjiryn in batterij oan aaien: 17 stiks!

Hjir sitte bêste lêcheinen dus, hoewol’t dy mei 21 fan twa einen is.
Dus, de kuorren moatte hjir grutter!”

Faaks moat Durk by Kees Terpstra út Wikel yn ‘e lear, want dy hat ûnderfining mei it meitsjen fan grutte kuorren.

Njonken de einen dogge ek de markols by Durk it goed mei 9 aaien.