Flechtsje op Lauwerseach en yn Dokkum

Dokkum, 22 maaie 2023

De bruorren Kooistra út Dokkum ha wer in pear demonstraasjes jûn. Op sneon 29 april sieten se te koerflechtsjen by de loads fan Staatsbosbeheer/It Fryske Gea op Lauwerseach. Om’t it de freeds striemin waar wie, hienen in protte standhâlders ôfsein, neffens Hendrik. “Spitich want de saterdei wie it prachtich waar. Wol in hurde wyn mar achter in stikje seil wie it goed te dwaan.” En om’t der aardich wat folk op ôf kaam, koe der dochs fan in “slagge dei” praten wurde.

In pear wiken letter sieten de Kooistra’s op ‘Mûnedei’ (13 maaie) by prachtich waar en wynkrêft 5 te flechtsjen by in draaiende mûne op de Bolwerken yn Dokkum. Op ‘e ein fan de dei koe de balâns opmakke wurde: in soad folk, goede hannel, in protte praters en ek de jongste pakesizzers (twilling) kamen noch del.

Eksposysje De Strampel yn Museum Warten

Grou, 3 maaie 2023

Yn it museum Warten, dat 50 jier bestiet, is in heal jier lang in eksposysje te sjen fan De Strampel.

Yn it Earmhûs is in keamer hielendal ynrjochte oer it einekoerflechtsjen en de Feriening fan Einekoerflechters ‘De Strampel’. Sa binne der de ferskate typen einekuorren op strampels útstald, is der flechtersmateriaal en -ark te sjen en draait der kontinu de film De Strampel út 2017.

Op seon 6 maaie giet it museum wer foar in heal jier iepen mei tal fan festiviteiten.

It museum is alle sneons en sneins oant 1 oktober iepen fan 13:30 – 17:00 oere.

Op de foto is Durk Wynia dwaande mei it ynrjochtsjen fan de eksposysje.

Gjin goede ôfstimming

Âldeboarn/Grou 2 maaie 2023

Cor Snoeij stjoert in foto fan in einekoer dy’t mei de kont yn it wetter hinget.

Cor seit dat dyjinge dy’t de koer útsetten hat, net goed rekken hâlden hat mei peilferheging. Dus gjin goede ôfstimming tusken koersetter en wetterskip.

Hoe dan ek: yn dizze koer sil fan it brieden net folle telâne komme.