Maand: april 2024
-
Ek by de einen, te min sosjale wenten
Lees meer: Ek by de einen, te min sosjale wentenGrou, 24 april 2024 Foar De Strampel brekke gouden tiden oan! Mear minsken moatte it flechtsjen sa gau mooglik leare. Der moatte noch mear kuorren útset wurde! Wylde einen fiele har sa thús tusken de minsken dat it min of mear doarpseinen wurde. By Cees van der Meulen, Abbema 15, leine yn ien koer 23 aaien!…
-
Strânljip leit aaien op in frjemd plak
Lees meer: Strânljip leit aaien op in frjemd plakHimpensermar, 24 april 2024. De wûnders binne de wrâld noch net út! Ús strampellid Lolke van der Meer fan Wergea kenne we allegearre as de flechter fan de kampioenskoer fan 2022. Hy is ek mûnder op de mole yn de Himpensermar. Dêr steane syn kuorren yn in moaie, romme wrâld. Dat syn kuorren bysûnder binne,…
-
Elk minske is unyk, elk einepykje ek!
Lees meer: Elk minske is unyk, elk einepykje ek!Grou, 17 april 2024 As wy dy lytse dûnsige wûnderkes sjogge, dan gunne we se allegearre in lokkich libben! Dat tochten Janke en har soan Lieuwe (12) ek doe’t Lieuwe in ferdwaald pykje fûn.Dat barde yn Grou (Cees van der Meulen). Janke: “De earste poging om it pykje by in ein mei piken te setten, wie op…
-
It einekoerflechtsjen is no Ymmaterieel Erfgoed
Lees meer: It einekoerflechtsjen is no Ymmaterieel ErfgoedGrou, 12 april 2024 It Einkekoerflechtsjen is opnommen yn it ’Netwerk Immaterieel Erfgoed Nederland’ It inisjatyf hjirta is nommen troch it bestjoer fan De Strampel. Ymmaterieel Erfgoed kin allinnich oanmelden wurde troch beoefeners of direkt belutsenen. Mei de oanmelding erkenne we dat we dizze kultuerutering as ymmaterieel erfgoed sjogge. ’Kenniscentrum Immaterieel Erfgoed’ (KIEN) hat befêstige…
-
Mismodel koer hat dochs súkses
Lees meer: Mismodel koer hat dochs súksesGrou, 5 april 2024 Myn earste wetterlânkoer fan dit jier, flochten yn wyld ferbân, seach der net út mar hy wie wol rom. In kraach siet der hast net op. By it flechtsjen te let nei binnen mei as gefolch in te lange koer. Ik doarde de koer net yn de Pikmar te setten en…
-
Einekuorren en skriezelân
Lees meer: Einekuorren en skriezelânGrou, 4 april 2024 Wat ha einekuorren en skriezen mei-inoar te krijen, sille jo jo ôffreegje. No, dat sit sa. De stichting ‘Agrarisch Natuurfondsen Fryslân’ (ANF) hâldt ienris yn ’t jier in iepen dei. Minsken kinne dan besjen hoe’t it lân fan boer Murk Nijdam by Wommels in protte greidefûgels lûkt troch de wize fan…
-
Noch 12 flechters derby
Lees meer: Noch 12 flechters derbyDokkum/Grou 2 april 2024 Foar de kuirsussen wie der dit winterskoft aardich flecht op de koai(stra’s. Troch gebrek oan reid binne de measte learmasters stoppe mei de kursussen. Mar ek is de tiid eins foarby om noch einekuorren út te setten. De bruorren Kooistra fan Dokkum ha op sneon 30 maart noch in kursus jûn.…