Maand: juni 2024
-
Flaaks by Kûbaard
Lees meer: Flaaks by KûbaardÂldeboarn/Grou, 25 juny 2024 Ús ponghâlder Cor Snoeij makke wer ris in rûntsje op de fyts troch de provinsje en kaam koartlyn op de Slachtedyk by Kûbaard wat tsjin dat hy dêr net ferwachtte: ferbou fan flaaks. No wit Cor as betûft einekoerflechter wol wat fan flaaks ôf, mar hjir hie hy it net tocht,…
-
Fryslân Ferbynt Dei
Lees meer: Fryslân Ferbynt DeiEarnewâld/Grou 22 juny 2024 Dit jier wie der foar it earst in Fryslân Ferbynt Dei. It inisjatyf komt fan de provinsje Fryslân. It doel fan de Fryslân Ferbynt dei is dat op dy dei yn Fryslân it moetsjen, it dwaan fan frijwilligerswurk en it oanlûken en behâlden fan frijwilligers sintraal stiet by stichtings en ferienigings.…
-
‘It is wer ûngetiid’
Lees meer: ‘It is wer ûngetiid’Dokkum/Grou 19 juny 2024 Juny is by útstek de moanne dat it reid skard wurde moat om yn it winterskoft genôch foarried te hawwen foar it flechtsjen fan de kuorren. Of it kuorkjen, sa’t se yn De Wâlden faak sizze. It wurd kuorkjen wurdt ek faak brûkt troch de bruorren Kooistra en harren trouwe assistint…
-
Slachtekuorren
Lees meer: SlachtekuorrenHitsum/Grou 15 juny 2025 Nei fjouwer jier wie der sneon 15 juny wer in Slachtemaraton. Tusken Easterbierrum en Raerd wienen fan keriter foar sânen en 10:00 oere jûns 1300 hurdrinners en 10.000 kuierders op wei foar in tocht fan goed 42 km. De organisaasje fan De Slachtemaraton hie by de rûte lâns in trijetal Oases…
-
‘Vlas in Friesland’ oant en mei oktober 2024
Lees meer: ‘Vlas in Friesland’ oant en mei oktober 2024Grou 13 juny 2024 Foar flechters dy’t mei flaaks wurkje is it de muoite wurdich om op de webside fan it Fries Landbouwmuseum te sjen. Mar ek foar oare flechters fansels nijsgjirrich! Einekoerflechtsjen is in âld ambacht en de bewurking fan flaaks is dat ek. It FLM hat der in prachtige eksposysje oer makke. Tige…