It flechtsjen fan einekuorren is al in âlde tradysje. Oan ‘e ein fan de tweintichste iuw wiene der minder einekuorren as eartiids. Mei de oprjochting fan De Fryske Feriening fan Einekoerflechters ‘De Strampel’ yn 2012 is it meitsjen fan einekuorren wer yn ‘e lift kaam.
Yn it ferline waarden eine-aaien in soad brûkt foar konsumpsje. De needsaak út earmoed is no net mear sa oanwêzich.
Der wiene om 1875 hinne al eineferienings. Fral yn doarpen oan fearten en marren, en mei in soad doarpseinen yn de omkriten.
Yn Earnewâld en Grou wie it sa dat foar elke koer dy’t men hie in lyts bedrach betelle wurde moast, fan ien of in pear dûbeltsjes. Yn ruil krigen se in houten label fan likernôch fjouwer by acht sentimeter. Dêr waard in getal ynbaarnd. Dit label moast oan ‘e koer fêstmakke wurde. Sa wist men fan wa’t de koer wie en oft der foar betelle wie. It jild dat út de ferkeap fan eine-aaien helle waard, brûkte men om foer te keapjen foar it fuorjen fan de doarpseinen yn de winterperioade. Sjoch ek: It houtsje fan Grutte Tseard
Der hat altyd ferskil fan miening west oft it wol of net goed wie om aaien út ‘e natuer te “rispjen”, en oft fûgels beskerme wurde moasten.
De Wet op Nuttige Dieren waard yn 1880 oannommen, folge troch de Vogelwet yn 1914. Yn dizze wet wie ûnder oaren in list opnommen mei fûgelsoarten wêrfan ’t de aaien socht wurde mochten. It gie doe al oer it beskermjen fan de fûgels. Mar it meinimmen fan aaien wie ek wichtich foar minsken dy’t it net sa rom hiene. Foar harren wie it in wolkomme oanfolling op it deistige rantsûn. Dochs wiene der foar de oerheid altyd redenen en oerwagings om de wet oan te passen. Sa waard yn 1936 in folslein nije Vogelwet makke.
Yn de Twadde Wrâldoarloch waard de Vogelwet foar in part net hanthavene troch oarlochsomstannichheden, foar in part fanwege in tekoart oan iten. Nei alle gedachten mochten doe allinnich mar bûnte aaien meinommen wurde, mar gjin eine-aaien. De eine-aaien út de kuorren wol, want dat wiene doarpseinen. It úteinlike doel fan in feriening fan doarpseinen wie om oan de iene kant de mooglikheid te jaan om aaien út de kuorren te heljen foar konsumpsje en oan de oare kant de fûgels te beskermjen as it winter wie, en se by te fuorjen.
Doarpseinen bliuwe winterdeis yn de doarpen en hâlde hjir en dêr in (eine)bit yn it iis iepen. Se binne faak wat ferbastere en wat grutter as de wylde ein.
De wylde einen lûke nei de kust of oar iepen wetter en bliuwe dêr. De wylde einen binne skruten, de wyfkes hawwe moaie donkere fearren. De aaien binne wat grien en lytser as dy fan doarpseinen. Se lizze har aaien net yn einekoarren.
De eineferienings kinne sjoen wurde as in earste stap nei fûgelbeskerming. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie it gâns in toer om de hanthavening fan de Vogelwet wer oan te skerpjen: men tocht nochal maklik oer it meinimmen fan alle soarten aaien út de natuer. De oprjochting fan fûgelwachten hat bydroegen oan it better neilibjen fan de wet.
