Einen, piken, aaien en dakpannnen op kuorren

Wergea/Grou, 5 april 2019

Fan ‘e moarn wie Lolke van der Meer fan Wergea hjir yn Grou by Cees van der Meulen op besite. Hy fertelde it ien en oar oer einen, piken, aaien en dakpannen op kuorren.

“Op 2 april seach ik by ús yn de buert in ein mei pykjes, dat is wol hiel betiid. As ik weromrekkenje dan hat it eintsje mids febrewaris al in begjin makke mei it lizzen fan syn aaien. En wat fierder ek hiel apart is, is dat lytse aike yn ien fan myn kuorren. Fan hinnen witte we dat se oan de ein fan in lêch wolris fan dy lytse dinkjes lizze, mar by de einen hie’k dat noch nea sjoen. Dakpannen op de kuorren, ja wy tinke al gau dat dy einen dat dogge om de koer droech te hâlden, mar it soe ek wwolris sa wêze kinne dat de eigner fan de koer syn einen beskermje wol tsin rôverij. Ik ha wolris sjoen dat in earrebarre op in koer siet en war die der in gat yn te meitsjen om sa by de aaien te kommen”. 

Dat wiene samar in pear waarnimmings fan Lolke dy’t altyd tige skerp is yn it sjen fan bysûnderheden yn it fjild. (C.vd.M.)

Bysûnder eineprojekt by Dronryp

Dronryp, 21 novimber 2018

De agraryske alve stêde-eilannen

It wylde eine-projekt by Bauke Rosier en Jaap Tjaarda is foar it twadde jier wer in súkses wurden.

Mei in lette winter yn febrewaris, sels noch -10 graden op 28 febrewaris om krekt te wêzen. Op sneon 3 maart koene we noch op it iis, om de kuorren in plakje te jaan. Tamme Veldstra, Sander Hempenius en Johannes van der Meer hiene de sjaal om en de mûtse op, om yn dy kjeld in bytsje waarm te bliuwen.

op it iis kuorren pleatse

3 maart noch op it iis…

It earste jier hiene we 10 kuorren en dy wiene ek allegear beset, no ha we mei inoar 20 útset. Ek ha we nochris 4 nêstkasten in plakje jûn.
De wylde einen en bercheinen meie hjir graach wêze, fan de 20 kuorren wiene der 19 beset. Der ha ek in protte foar de twadde kear bret. Yn de tiid fan de kontrôles binne der in protte einepiken útkaam.
De moaie reidkraach efter de einekuorren wie ek in lust foar it each, hjir fûnen we nestkes fan de reidmosk, de karrekyt en it reidhintsje. De iisfûgel is der ek sjoen, en de wite reager slepte wolris op in eilantsje. De strânljip hat ek bret op in eilantsje, moai no, ek 3 pear kluten binne sjoen. De bercheinen wiene ek talryk oanwêzich. Ek wiene der swermen boereswellen út de pleats fan Bauke Rosier.

 

By it opromjen fan de kuorren mids july, siet der in deade nylgoes yn in koer, hy koe der blykber net wer útkomme. Oan de westkant fan de plasse stiet no in twadde hutte, sa kin it skouspul oan twa kanten besjoen wurde. Wy binne der wer klear foar, oer in pear moannen is it wer safier.

De mannen Bauke Rosier, Jaap Tjaarda, Tamme Veldstra, Sander Hempenius en Johannes van der Meer wurde betanke foar de meiwurking foar it wolslagjen fan dit bysûndere eineprojekt.

Dronryp, mei Groetnis, Tamme Veldstra, Johannes van der Meer en Sander Hempenius.

Gesellich rûpel- en ielfrettersfeest

Holwert, sneon 3 novimber 2018.

Nei de rispinge fan earste klas flaaks dit jier wie it no tiid foar in feestje dat al in bytsje tradysje is by Gjalt en Els de Groot. Gjalt foarseach de ôfrûne jierren de Strampelleden fan flaaks en it jier 2018 giet de boeken yn as in hiel goed jier. De waarme simmer hat dêr geweldich oan meiwurke. In prachtige frucht dy’t ek hiel moai drûch ûnderdak kaam is.

Sneon wie in feestlike dei en in fyftichtal minsken  kaam om flaaks te rûpeljen wat yn in gesellige sfear ferrûn. Oanslutend wie it feest yn ien fan de loadsen mei slokjes, rikke poan, rikke iel, hazzepiper, stoofde iel, man, man, in luilekkerlân!

Hiel wat leden fan de Strampel diene mei. Der wie alle tiid om by te praten en moaie ferhalen te hearren. Alle flechters hawwe der wer sin oan bulten einekuorren te meitsjen.

In pear foto’s ûnderstreekje de wurden. Klik op de plaatsjes foar in gruttere foto.

Nij op de Strampel-webside: Sykmasine (zoeken)

Grou, 22 septimber 2018.

Wa’t wolris op de webside fan de Strampel omsneupt dy kin no gebrûk meitsje fan in sykmasine.

Jo sjogge no links op dizze side (ûnder Begjin) de mooglikheid om op moanne of op namme te sykjen.

Berjocht sykje út in bepaalde moanne:
by Maand selecteren op de pylkjes klikke en in moanne kieze
– jo sjogge dan alle berjochten fan dy moanne

Berjocht sykje mei in bepaalde namme:
by Zoeken in wurd ynfolje, bygelyks ‘lolke’, en dan op de Enter-toets drukke
– dan krije jo alle berjochten dêr’t dy namme yn foarkomt

In soad plezier mei dit nijichheidsje!

Kulturele Haadstêd yn Holwert, 12 sneonen en hûnderten minsken

Holwert, 25 augustus/1 septimber 2018.

(Algemiene meidieling: as jo op de foto’s klikke, dan wurde se meastentiids grutter en moaier.)

Nei de wike fan it geweld fan de Reuzen en  de Alvestêdetocht-Reus skittere sneon 25 augustus foar de 11te sneon de Kulturele Haadstêd-stjerre wer op de rûte fan Follow the Blue Line, it flaaks projekt yn de bouhoeke fan ús provinsje.

It wie geweldich dêr yn en om it Swetshok by Els en Gjalt de Groot. We hawwe de minsken net teld mar it siet net fier fan de hûndert ôf!

Famyljes mei beppes en pakes, mei jonge bern, mei dochters en soannen, in ploechje studinten út Amsterdam dy’t alle rikke makreel en poan en ek noch in flink nustje rikke iel meinamen plus in flesse Warkeweet kleuren dizze earst wat suterige dei ta in bûnt, gesellich en sinnich barrren!

Strampelleden Johannes van der Meer (rjochts) en adspirant-lid Yge Walsweer (links) bystien troch Strampelbestjoerslid Cees van der Meulen laten de besikers al pratende troch de wûndere wrâld fan it Swetshok en lieten se grutsk de prachtige flaaksrispinge fan 2018 sjen.

De sfear waard yn de dei brocht troch, ek al wer in Strampellid, Els de Groot, dy’t har ‘personiel’ foarseach fan kofje, sûkerbôle, slokjes mei tsiis en guozzewoarst, potstro mei sjerp en útbret spek, en ta beslút brette hinnepoaten fan Johannes van der Meer. Sneon 1 septimber waard de suksesfolle rûte fan Follow ôfsletten. Hûnderten minsken hawwe derfan genietsje kinnen!

It Bestjoer fan De Strampel tanket Gjalt en Els de Groot foar de foarbyldige wize wêrop’t se yn it geweld fan KH 2018 de sjarme fan it âlde ambacht fan it koerflechtsjen op de Fryske en Nederlânske kaart settten hawwe!

Fan pykje oant fleanflugge ein binnen fjouwer moanne

Grou, 24 augustus 2018.

De syklus fan pykje oant fleanflugge ein krijt syn beslach binnen fjouwer moanne.

Op de foto sjogge jo pykjes dy’t krekt út de koer sprongen binne op 9 maaie by Oepke Feenstra yn Wyns oan de Dokkumer Ie.

De oare foto is makke yn Grou en dêr lizze de fleanflugge piken tusken en by de ferfearre âldere einen. Sa is de oanwaaks fan in nije  generaasje einen wer seker steld. No mar wachtsje op de kommende hjerst en winter om dêrnei de izeren wetten fan de natuer te folgjen en te soargjen foar de oanwaaks 2019.

Jan Falkena yn LJOCHTSTILL, KH 2018

Earnewâld, 11 augustus 2018.

20180805-Jan1Jan Falkena yn aksje op ‘Ljochtstill’ yn Earnewâld. hy hat der al twa kear earder sitten en yn septimber komme der noch trije demo’s, alles yn it ramt fan KH 2018!

De betinkers fan Ljochtstill sizze dersels it folgjende oer:

‘Ljochtstill’ brengt natuurbeleving en kunst samen. Grote glazen koepels in en rondom Nationaal Park De Alde Feanen in Earnewâld laten de waarde zien van het landschap, de stilte, de identiteit en de kunst.

(Foar wa’t net wit wat in geodetyske koepel is bringt Wikipedia rêding: Een geodetische koepel of geodetisch gewelf (Engels: Geodesic dome) is een koepelvormig gewelf dat door de speciale constructie zeer licht kan worden uitgevoerd.

Geodetische’ koepels

Ljochtstill is een internationale uitwisseling van kunstenaars, exposities en workshops in het kader van Leeuwarden Fryslân 2018. In Nationaal Park De Alde Feanen zijn in 2018 een aantal ‘geodetische’ expositiekoepels te bezoeken; glazen koepels met een doorsnede van zeven meter. In deze koepels zijn kunstwerken te bewonderen die de pracht van de omgeving versterken – en vice versa.

Jan sit net yn mar neist de ‘geodetische’ koepel. Foar tiden yn septimber: Sjoch de webside fan ‘Ljochtstill’.

De Kooistra’s op de smûkste merk

20180811-KooistrasSaterdei 11augustus moaie dei hân , mei myn broer siet ik te koerflechtsjen yn Peasens Moddergat, op de smûkste merk op en achter it terrein fan de fiskershúskes. It waar koe net better en dêrom ek een protte folk,  al mei al een prachtige dei.

Groetnis fan Bouwe en Hendrik Kooistra, koerflechters út Dokkum

Muskusein mei piken

Grou, 11 augustus 2018.

muskusein-mei-piken-e1534069691385-2Dizze muskuseinemem kuiert yn alle rêst troch it Grouster park.

Yn Wikipedia stiet û.o. de folgjende ynformaasje oer dizze bysûndere einesoart.

De muskuseend of barbarieeend Cairina moschata is een eendensoort die oorspronkelijk uit Midden- en Zuid-Amerika komt, uit een gebied dat zich uitstrekt van Mexico tot Peru. Al in Zuid-Amerika werd de wilde muskuseend gedomesticeerd en bij huis gefokt voor het vlees. In de 16e eeuw werden muskuseenden naar Europa gebracht door Spaanse ontdekkingsreizigers. Deze gedomesticeerde muskuseenden worden ook tegenwoordig nog veel op (kinder)boerderijen gehouden en bij hobbyisten

Kenmerkend voor de tamme muskuseend zijn de rode wratten rond de ogen, die bij de wilde muskuseend veel minder aanwezig zijn. Het mannetje is tweemaal zo groot als het vrouwtje. De muskuseend is een grote vogel die in verhouding niet zwaar is, maar die wel korte poten en grote voeten heeft. Ze wegen gemiddeld tussen de 3000 en 4500 gram en bereiken een lichaamslengte van 66 tot 84 cm. Desondanks kunnen de vrouwtjes vaak voortreffelijk vliegen, terwijl de woerden er vaak meer moeite mee hebben.

Gedomesticeerde muskuseenden komen in veel kleuren voor, waarvan de bonte (zwart-witte) kleur het bekendste is.