Flechtsje op Wartenster Wetterwille

Dokkum/Grou 24 septimber 2023

Op de dagen fan Wartenster Wetterwille wienen dit jier ek wer flechters fan De Strampel oanwêzich. Op 16 en 17 septimber lieten de bruorren Kooistra út Dokkum oan de besikers sjen hoe’t sy in einekoer ynelkoar breidzje. Se hiene in moai plakje by it museum, dêr’t dit jier ek oant 1 oktober ta in eksposyje fan De Strampel is te sjen.

“Der wie yn it hiele doarp feest en fan alles te dwaan”, skriuwt Hendrik Kooistra. “De iepening fan dit barren wie it iepensjitten fan de brêge mei kanonknallen, wêrnei’t in floatskou  troch it doarp fear. Âlde en nije boaten, sleepboaten, opdrukkers, skûtsjes en preammen farden troch it doarp en it waar koe net better.” Bouwe en hendrik hienen in “daalsersk plakje, flak oan it wetter tichteby by it Earmhûs.”

Der kamen in protte minsken op ôf om dit alles te besjin, neffens Hendrik Kooistra., dy’t foar de oprganisaasje noch in komplimint hat: “In dikke plom foar alle frijwilligers en meiwurkers fan de museumbuorkerij om dit moaie âlde stikje fan Warten te bewarjen.” It wie foar de mannen in prachtige middei.

Kuorren opromje

Âldeboarn/Grou, 27 augustus 2023

“Mei dit waar efkes wat dingen dwaan dy’t lizzen bleaun binne”, skriuwt Cor Snoeij.

“Dizze kuorren ha ’k opromje. Foarich jier nochris ‘renoveard ‘ mar no is it dochs oer. En der hawwe ek einen yn bret, en de piken binne derút kaam. It moaiste wie dat de ein der 
oan de foarkant yn gie en faak oan de efterkant der wer út . Prachtich om te sjen. Ik hie 4 fan dy kuorren en allegear beset. Dat wie ek wol logysk want it wiene kuorren mei ‘lisgarânsje’.”

Sokke trochgongskuorren binne poer geskikt foar einen mei klaustrofoby. Goed dat der minsken binne dy’t dêr rekken mei hâlde…

Lette einepiken

Grou/Bitgummole, 4 augustus 2023

De earste einepiken fan dit jier fleane yntusken. Guon waarnimmers falt it op der dit jier soms einen binne mei in aardich team piken dat grut wurden is. Oft dit yn ’t algemien sa is, falt lestich te beoardielen, dêrfoar binne der te min waarnimmings. Dochs is it wol nijsgjirrich dit te witten. It soe moai wêze as der minsken binne dy’t hjiroer ek wat melde kinne. Réaksjes binne wolkom fia de e-mail: bestjoer@de-strampel.frl.

Yn Bitgummole binne piken dy’t noch lang net fleane kinne; dy binne ferline wike krekt út it aai kommen. Durk Wynia hat in pear foto’s en in filmke stjoerd om

Kuorkje yn Drachten en Elspeet

Dokkum/Grou, 24 july 2023

De bruorren Kooistra út Dokkum en Binne van der Velde út De Pein ha der wer op út west. Op 24 juny ha de Kooistra’s op de bernebuorkerij ‘De Naturij’ yn Drachten west te flechtsjen. “It wie suver wat te waarm”, skriuwt Hendrik. “We hienen in prachtich plakje midden tusken de bisten fan de berneborkerij.” It hat de mannen bêst befallen: “Yn 2024 geane we wer, want it wie oant yn de puntsjes goed regele.”

Saterdei 8 july wie Hendrik mei Binne van der Velde te kuorkjen yn Elspeet op De Veluwe:’Outdoor Hunting’. “In pracht lokaasje, midden yn de bosken”, seit Hendrik. “Der wie fan alles te sjen en te keap op jachtgebiet: gewearen, jachtklean, messen, opsette bisten, natoerschilderijen, ferskillende jagersferienigs en lekkere wyldhapkes en fansels. En de hiele dei hoarnblazers foare de muzyk op de eftergrûn. Moarns fral in protte minsken, middeis wat minder troch de waarmte. De hiele dei hoanblazers foar de muzyk.” De mannen ha goede hannel dien en in moaie dei belibbe, dus koenen se mei in tefreden wer op nei Fryslân.

Puur Natuur

Holwert 21 july 2023

As einekoerflechter komt der almar mear fariaasje yn de fraach wat te flechtsjen.

Sa kaam no de strjitte “Troch de Koer” út Deinum mei de fraach as it mooglik wie 25 kuorbalkuorren te flechtsjen. Dizze moasten tsjinje as strjitfersiering by it doarpsfeest.
It is slagge en se binne ôflevere.

Eins wol moai tocht ik, yn pleats fan sa’n giele plestik koer in moaie duorsume koer fan reid en flaaks.

“Puur Natuur”.

 Gjalt Sjirksz de Groot

Flechter frege

12 july 2023

Wetterskip Fryslân freget in einekoerflechter foar harren jierlikse ‘Inspiratiedag’.
Plak: De Leien by de Rottefalle.
Datum: tongersdei 5 oktober.
Tiid: 14:00 oant 16:00 oere.

Kontaktpersoan: Harry Bosma, (06) 46 17 32 49.

Demo op Jeugdfûgelwachtdei

De Pein/Grou, 12 juny 2023

Op saterdei 3 juny wie de jeugdfûgelwachtdei fan BFVW, organisearre troch fûgelwacht Burdaard. By De Strampel wie in fersyk kommen om in flechter foar dy dei. Binne van der Velde reagearde fuortdaliks op de oprop op de webside, hy hoegde dêr net lang oer nei te tinken; “Dit is krekt wat foar my”, sei Binne. Op de buorkerij fan de famylje Bakker, earne tusken Jislum en Ginnum hie Binne in protte belangstelling fan de jeugd, dy’t graach sjen woe hoe’t in einekoer makke wurdt.

De famylje Bakker docht neffens Binne in soad foar de greidefûgels en de natuer yn it algemien. Njonken de pleats stienen in soad einekuorren yn de sleat. Foar de jeugd wie der fan alles te dwaan: se koenen fiskje, der wiene in mollefanger en in jager, in demontraasje mei rôffûgels en in demoanstraasje mei de drone om nêsten fan greidefûgels te sykjen.

Binne sjocht mei in goed gefoel op dizze slagge dei werom. Hooplik sieten der aspirant-einekoerflechters ûnder de jeugdige besikers.

Flechtsje foar duorsumens en bioferskaat

Grou, 8 maaie 2023

In einekoerflechter makket wat mei! Sa hie Bouwe de Groot fan Grou nea tinke kinnen dat hy nochris les jaan soe oan it management fan grutte bedriuwen.

“fersile yn duorsumens en bioferskaat”.

“Hoe rekket men as einekoerflechter fersile yn duorsumens en bioferskaat”, skriuwt Bouwe. Hy leit út hoe’t it him oerkaam: “Foar sneon 3 juny waard ik frege om te flechtsjen op de Iepen Dei fan Omrin by de Hege Wierden yn It Hearrenfean. Der waarden dy deis 4500 minsken ferwachte foar in presintaasje fan it bedriuw op 100 ha. En om’t Omrin foarop rint yn duorsumens en bioferskaat, hiene sy bedriuwen/persoanen dy’t hjiryn ek aktyf binne, foar dizze dei frege in stand yn te rjochtsjen”. Dêr hearde dus ek Bouwe by. “Foaral myn nêstkasten fan reid hienen ek harren belangstelling”, neffens Bouwe. “In grut súkses. Ik hie oer oer belangstelling net te kleien”.

“Workshops”

It ferhaal krijt foar Bouwe noch in ferfolch: Omrin wol Bouwe ynhiere om workshops te jaan foar it management. “Om duorsumens en bioferskaat te promoaten mei ik kommende hjerst sels inkele management-workshopmiddeis fersoargje mei it meitsjen fan in nêstkastje en einekoer”. Fierders wit Bpuwe te meldem dat der takom jier op alle terreinen fan Omrin yn Fryslân nêstkastjes en einekuorren komme te hingjen. “De earsten binne fan ’t maitiid al pleatst. Dit foar it bioferskaat op harren terreinen”.

Bouwe sjocht tefreden werom op de iepen dei: “Dit wie wer in moaie promoasje foar de einekuorren en De Strampel”.