Auteur: bb

  • Eintsje kin net langer wachtsje

    door

    in

    Grou, 4 maart 2024 Eartiids stienen der in soad einekuorren yn De Pikmar. No set de fûgelwacht fan Grou alle jierren trije einekuorren yn de Pikmar út. Moandeitemiddei 4 maart wie it wer safier. Eins ryklik let, want oeral binne de eintsjes al oan de lêch. Dat tocht ek it spantsje einen dat suver al…

  • Kuorren oan it paad

    door

    in

    Grou, maart 2024 Soms is it in toer om de lêste kuorren te sliten. Yn Grou stiet earne yn in foartún in strampel mei twa kuorren Dat falt net allinnich foarbygongers op, mar ek dit nijsgjirrige spantsje einen. Je sjogge se tinken: Wa set soks no yn de foartún?

  • Toukuorren

    door

    in

    Jirnsum, 2 maart 2024 It hâldt in kear op mei kuorren dy’t altiten bûten hingjen bliuwe, ek mei toukuoren. As men de kuorren nei de briedtiid net ynhellet, kin dit it resultaat wêze. Sjoen by Jirnsum.

  • Flechters frege foar ‘BROED’

    29 febrewaris 2024 As der noch flechters binne dy’t reid ha, dan soe it it moai wêze as der ien of twa flechters De Strampel fertsjintwurdigje wolle op 11 maaie yn Nije Leije. Dêr is dan it festival ‘BROED. Mear ynformaasje stiet hjirûnder. BROED, het leukste biodiversiteitsfestival van het Noorden! – 11 mei 2024 – Nije…

  • Flechtersdiploma foar Riepke Glas

    door

    in

    Dokkum, 26 febrewaris 2024 Op saterdei 24 februari wie it wer drok yn it flechtershok op de gebr Woudsmastrjitte yn Dokkum. Nei de flechtersbeurs yn Poppenwier wienen der in hânfol minsken dy’t harren opjûn hienen foar in kursus by de bruorren Kooistra. Der wienen 10 kursisten en 3 learmasters. Hiltsje v.d. Veen út Ljouwert woe…

  • Skilderij te keap

    26 febrewaris 2024 Klaas Stapensea hat noch in oaljeverfskilderij yn de oanbieding. Belangstellenden kinne kontakt opnimme mei Klaas Stapensea, (06) 51 54 31 78

  • Einen yn Emmeloord al goed oan ‘e lêch

    door

    in

    Emmeloord/Grou 20 febrewaris 2024 Klaas Jsz Stapensea (Talpa de witte mol) meldt dat by him yn Emmeloord de wylde einen al goed oan ‘e lêch binne: ien kear 3, ien kear 2 en ien kear 6 aaien (foto).

  • Protte belangstelling foar Beurs

    door

    in

    Poppenwier/Grou, 10 febrewaris 2024 Njoggen flechters sieten sneon 10 febrewaris om 10:00 oere klear om it publyk sjen tte litten hoe’t in koer flochten wurdt. De earste besikers wienen der doe ek al om in praatsje te meitsejn mei de flechters. Guon stiene mei iepen mûle de keunsten fan de flechters ôf te sjen: dat…

  • Noflike algemene ledegearkomste

    door

    in

    Poppenwier/Grou, 26 jannewaris 2024 Net langer as in oere duorre de algemiene ledegearkomste fan De Strampel op 26 jannewaris. Foarsitter Durk Wynia koe 24 leden wolkom hite. Hy stie efkes stil by de aktiviteiten fan it ôfrûne jier. De webside stie wer fol mei nijsgjirrige ferhalen en jout in moai byld fan de aktiviteiten fan…

  • Flechter(s) frege

    11 febrewaris 2024 Foar de “Natuurmarkt Lauwersnest” op 20 april 2024 freget de organisaasje ien of mearder flechters. Belangstellenden graach streekrjocht kontakt opnimme mei de organisaasje.