Over Cees van der Meulen

skriuwer fan De Strampel fan 11-2012 oant 11-2018

De einen bringe fleur en kleur yn it libben fan Bertus en Jinke Kuperus yn Wurdum

Wurdum, 21 july 2018.

Jinke en Bertus hawwe ek dit jier wer in bûnt selskip fan âlde en jonge kwêkers op it hiem. De Melchelske herder en de prachtige hoanne binne de einen net benaud foar.

Dit jier hawwe se mei de help fan in kamera sjen kinnen hoe’t swarte krieën de eintsjes yn de nekke pakke en deadzje. Skande! Sokke moaie bistkes en dan sa’n rôver, dêr’t der fiersten tefolle fan binne.

20180721-DSC_0293Bertus-en-Jinke-1-pic

Mar we rjochtsje ús foaral even op de fûgels dy’t gjin kwea yn it sin hawwe en dêr’t Bertus en Jinke sokke moaie dingen foar dogge. Ek in plaatsje fan harren prachtige samling ljippe-nijsgjirrichheden.

 

Les op 14 july, mei nij reid en ‘âlde’ flaaks.

Holwert, 14 july 2018.

It flaaks bloeit prachtich en it reid wurdt skard. Fanwege de wûndermoaie simmer is it farsk sniene reid yn in dei drûch.

De beide manlju, op les by Gjalt de Groot,  binne krekt begûn mei it flechtsjen fan har earste koer.

En ûnderwilens kinne de earste besikers fan Follow the blue line komme mei harren belangstelling en fragen. Wat sil dizze sneon wer bringe?

It flaaks bloeit en de minsken komme om dat te sjen!

Holwert, sneon 14 july 2018

Oeral yn de provinsje binne de aktiviteiten fan LF 2018 yn folle gong en sa komme der ek minsken dy’t belangstelling hawwe foar de flaaksrûte (Follow the blue line) by Els en Gjalt de Groot om te sjen hoe’t men fan reid en flaaks einekuorren flechtsje kin.

De besikers binne oer it generaal minsken dy’t  oantinkens hawwe oan de tiid dat der yn de bouhoeke noch folop flaaks boud waard. Elke sneon oant en mei 1 septimber litte Els en Gjalt sjen hoe’t der by har mei flaaks wurke wurdt.

Bloeiend flaaks mei syn blauwe blomkes  (Binnema, Marrum, Ljouwerterdyk 2)

Op snein 15 july skriuwt Gjalt hoe’t sneon de 14e ferrûn is:
    ‘We ha hjoed sa om ende by 30 minsken hân.
Wie suver wat te drok mei de beide kursisten der noch by. Wol wer bysundere minsken troffen mei bysundere ferhalen’.

DSC_0267 VLASROUTE PIC DSC_0271 FLAAKS 2 PIC

 

Ek yn New York binne einen

Grou , 27 maaie 2018

Ferline wike wie skriuwer Cees van der Meulen yn New York. Hoewol’t der om de stêd hinne allegearre wetter is, sjocht men net folle (wetter)fûgels. Mar yn Central Park swommen yn de Bethesda-fiver samar in spantsje wylde einen.

Yn Chinatown, in diel fan NY dêr’t Chinees de fiertaal is, sjoch men rûnom pekingeinen. Bret en wol, sa as by ús de hinnen oanbean wurde.

‘It fotografysk each fan De Strampel’, skriuwt Bonne

Grou, 27 maaie 2018.

It bestjoer fan de Strampel is allegedueren dwaande mei it garjen fan einenijtsjes.

Diskear wie it strampellid Bonne Bruinsma fan Grou, dy’t dat mei de kamera op 12 maaie fêstlei.

Yn it Swetshok stiet skriuwer Cees van der Meulen te fotografearjen. Fierders sjogge jo foarsitter Gjalt de Groot, achter him Harm Visser fan d’Ald Hij en dêr wer njonken Geert de Groot (broer fan) ek fan d ‘Ald Hij yn it oerlis fan De Strampel mei d’Ald Hij oer Follow the Blue Line op 12 maaie.


Readboarstke yn einekoer

Oerterp, 27 maaie 2018.

Jan Falkena skriuwt it folgjende en docht der in pear foto’s by:

‘Twa foto’s. De iene fan de koer op it plak dêr’t ik him bewarje. Under in oerkaping tsjin de solder. Der stie net by dat de koer foar in ein wie. In readboarstke fûn it in gaadlik plak. Hy wie tige drok mei deade blêden en oar ark foar it nêst. Doe briede en dêrnei de jonge fûgels fuorje. Prachtich om te sjen. Doe’t alles rêstich wie,  wie ik benijd wat it nêst foarstelde. Hy hie in hiel stik fan ‘e koer tichtboud’.

Guozzen en einen binne famylje fan elkoar

Grou, 26 maaaie 2018.

Guozzen en einen hearre beide ta de famylje Anatidae.

Ganzen zijn grote, zwaargebouwde watervogels uit de familie Anatidae (zwanen, ganzen en eenden). Hierbinnen behoren ze tot de onderfamilie Anserinae (zwanen en ganzen). Ganzen zijn gespecialiseerd in het grazen en leven meer op het land dan andere Anatidae. Daarvoor hebben ze sterke, vrij lange poten, die midden onder het lichaam geplaatst zijn. Hierdoor kunnen ze goed lopen. In Europa leven twee geslachten: Anser (Grijze ganzen) en Branta (Zwart-witte ganzen).

Het woord gans wordt ook gebruikt voor een vrouwelijke gans. Het mannetje noemt men ganzerik, gent of gander.

Hjirûnder in famylje Kanadeeske guozzen, dy’t koartlyn te sjen wiene yn de Alde Feanen.

2018-05-18-10.54.25-pic